Wrafke – Sin

Myn namme is noch immer Afke, folút Afke fan it Fryske Wetterlân. Ik bin in Labrador fan it jachtsoartich slach. Nea haw ik in min sin; ik bin nammentlik wakker fleurich fan aard. Ik bin sljocht op trene mei de Frou. Kinsto my midden yn ‘e nachtkoes foar wekker meitsje! Dat wol net sizze dat myn stimming altiten gelyk is. Oer de dei sjoen kin dat like goed fariearje as by minsken. Mar dat wol dyselde minsken faaks net oan. Nim no bygelyks it iten. Jou in Labrador wat yn syn hûnebak en hy fret it daliks op. At it no te fretten is as net. Ikke net. Ik yt allinne at ik d’r ferlet fan haw. Sa net, dan lit ik it grif stean. Myn baaskes moasten dêr bot oan wenne. Sy wiene daliks ûngerêst at ik myn itensbak in heale dei net oanrekke. Hiel oars is dat as ik bliid bin. Dan moat ik earne wat yn ‘e bek hawwe. Sa haw ik in trijetal krûpbisten, ‘knuffels’ neame myn bazen dat. Myn favoryt is Gnoarreke, in barchje mei in ûnbidich lange krolsturt. At d’r oanrin komt, begroetsje ik dyjinge steefêst mei Gnoarreke yn myn waffeltsje. Eltsenien fernuvert him deroer dat it bistke, en mei nammen syn sturt, hiel bliuwt. Fansels! Ik haw in sêfte bek. In jachthûn mei it wyld ommers ek net ferropje! Dochs hawwe se my te pakken hân. Ik liet mei it apportearjen de dummy’s te gau los. Smiet se Frou foar de fuotten. Dat mocht net fan Âldbaas Pyt. Om my dat ôf te learen wie it better dat Gnoarreke ‘op fekânsje gie’. Dat waard alhiel yn sêne set mei kofferke en al, saneamd nei ‘Skylge’ ta. No, dat hawwe se witten! Ik krige dêr net in min sin fan, mar waard suver swiermoedich. Ik tink dat ik my krektlyk fielde as Frou doe’t ik net mear mei har mei mocht nei it sprêkoere ta. Noch gjin twa wike letter wie Gnoarreke wosken en al wer werom. En se wolle it wol litte om him wer ôf te pakken. Koartlyn binne we sels wer nei Skylge west en dan triuw ik Gnoarreke as earste yn myn reistas. En no’t wy it d’r dochs oer hawwe, ik mei stomme graach mei op fekânsje gean. Wy troffen ek noch ris prachtich waar en sadwaande wiene wy de hiele dei op ‘e sweef it eilân oer.

Troch de bosken strúne, oer it strân dwale en yn ‘e see swimme mei Baas. Geweldich fyn ik dat! Ik mei oerol mei hinne! En as d’r wat bard? Ik bin net sa gau fan’t hynder, hear. Sa sieten wy bygelyks by ‘Storm’ op it terras. Wy hiene krekt allegeare te drinken krigen. Ik hiel attint yn in hûnepanne en myn beide baaskes krigen beide sa’n grutte faas giel huppeltsjewetter mei skom foar harren te stean. Frou moast lyk as altyd efkes nei’t húske ta en hie my oan de tafelpoat fêstbûn, mei ynstruksjes oan Baas om op my te passen. Dat is alhiel net nedich, ik jou my wol del. Doe’t se wer werom kaam krige Baas it yn ‘e holle in kykje te meitsjen fan Frou en my tegearre op dat terras mei dy lompe fjoertoer op de eftergrûn. Nijsgjirrich wêr’t hy bedarre dikere ik him nei om ‘e stoel hinne en luts sadwaande justjes myn line oan de tafelpoat strak. Dat koenen dy beide faaskes op it taffeltsje net ferneare en dy nukten om. Dêr waard ik efkes sa kjel fan dat  ik dy hiele tafel om skuorde fan it terras ôf de strjitte oer. Dat joech in konsternaasje! Glês, reau, tafelplant en piper & sâltlokje, de hiele brot lei yn diggels oer de wrâld. Ik moat bylje dat Baas & Frou dêr mear lêst fan hiene as ik. En mar omtsiere dat ik net oan de tafelpoat fêstbûn wurde moatten hie. De beide froulju fan de betsjinning hiene rap de saak opromme en gelyk nije faaskes huppeltsjewetter ynskonken. Wol spitich dat Baas yn dy alteraasje dít barren net mei syn kykdoaze fêstlein hat, wylst er de hiele dei mei dat ding yn ‘e oanslach stiet… Sels bin ik lykwols net gau fan ’t sintrum.

Frou fynt my wolris wat ûndogensk. Dat ik bygelyks net lústerje at sy my ropt. Ja, duh, at ik op ‘e sneup bin en hast in mûs te pakken haw, dan kin ik dy dochs net slûpe litte? Eins hear ik har dan net iens. Ik bin krektlyk as Baas, dy kin ek mar ien ding tagelyk!

Ik haw in stabyl moed en bin dus meastentiids fleurich. Mar ik kin ek ferskuorrend út de skroeven wêze! Fral at d’r besite komt. Bygelyks famylje of goeie kunde fan myn baaskes. Ik reitsje hielendal optein at sy in soartgenoat meinimme dêr ’t ik mei boartsje kin. Lekker troch de tún rauze en hûntheie. Hearlik! Dan wit ik betiden net mear fan ophâlden. Op soksoarte mominten lûk ik in sprintsje en giselje yn ‘e rûnte oan ’t ik suver op apegapen liz… Sa kaam op Skylge Puck in dei lâns. Puck is in jonge swarte teef fan it itselde laach as my. Geweldich, wat in wille hawwe wy hân. Mei-inoar trene, boartsje en oer it strân fleane. Grutter deugd kinne se my net dwaan. Benijd at ik ite wol nei sa’n dei? No, dêr haw ik dan wol sin oan! Net fierder trochbylje, hear, mar faaks krij ik d’r ek noch wat op ta fan Baas…

Septimber 2019

Wrafke – Moaie dei

Fansels hie‘k al lang yn ‘e noasters dat it net goed gie mei dy ‘âlde Swarte’, Aïcha. Sy siet al yn har Fyftjinde (!) libbensjier, mar se wie noch sá geef mei har fjoer fan in rjochtaarde jachthûn. Jawis, krebintich troch in fersliten rêch, mar dêr joech Baas har pillen foar. Ferline hjerst hat dyselde Baas har noch twaris ûnder it mes hân om frjemde bulten fan har liif fuort te helje en dat hat se geweldich goed trochstien. Fan ‘e wike hat se wer mei Frou en Baas nei de bistedokterspraktyk west. Doe’t se thús kamen wiene de gesichten fertrietlik. Aïcha wie ek fan’t hynder, mar dat wie se lykwols altyd at se nei de praktyk west wie. Ik snúfde de rook fan minsken oan har dy’t ik net rjocht thúsbringe koe, mar fernaam oan Frou har praat dat se by dyjinge west wiene der’t Aicha har puppetiid trochbrocht hat. Om ôfskie te nimme, koe‘k begripe. Eltse dei dernei giene wy nei in plakje te kuierje wer’t wy wolris earder west wiene en op woansdei binne wy sels meienoar nei myn ferneamde jachtoefenmasterin yn Harich west. Aïcha moat fan Anjolien alles leard hawwe wat ik no mei safolle nocht opdoch. Mar Anjolien beweart ek fan Aïcha in bulte leard te hawwe. Wat wiene dy twa seldsum bliid mekoar wer te sjen! Ik haw dy  âlde Swarte noch nea sa út de skroeven sjoen… Oandwaanlik! En se hat by eintsjebeslút ek noch twa kear in dummy-ein apperteard. Net te fier fuort, hear. De dei dernei moast se dat lykwols ferskuorrend belije. Se wie út ‘e liken, moast hyltyd mear koarje, mar woe en koe dochs noch wol lekker ite. Dat skynt se har hiele libben graach dwaan mocht te hawwe. Wat dat oanbelanget: in echte Labrador. Kin ik noch wat fan leare, om’t ik noch wolris in miel oerslaan wol…

De dagen dernei gie it wer in lyts bytsje better, mar wol waard dy ‘âlde’ hyltiten koartamiger. Se doarde somtiden net mear lizze te gean en stie dan mei de sturt tusken de poaten yn har helpleazens om har hinne te sjen. De hiele dei troch kamen Baas, Frou en de jonges omste beurten har treaste en oanhelje. Ik liet har safolle mooglik mar gewurde, at se it lykwols ferneare koe, slikke ik har om ‘e bek. Op dy bewuste sneintemiddei wie it fertriet hast net mear te hurdzje. Mei syn allen giene wy nei bûten ta en bedarren we op it stalt by de fiver. Aïcha hime en sette grutte eagen op, dochs liet har berêstend dêrhinne dirigearje. Eltsenien socht in plakje om har hinne en sei gjin wurd. De sinne skynde folop en yn it fjild efter hûs makken fûgels kabaal as op in moaie maitiidsdei, sa ûnwerklik midden yn febrewaris. Baas pakte in foarpoat fan Aïcha, die dêr in bântsje om en knipte har hier fuort oan’t op har hûd. Doe pakte hy in spuit mei blau guod deryn en ik seach dat hy dy stadichoan leech drukte yn de bloedier fan har poat. Net earder haw ik safolle triennen floeien sjoen wylst dy âlde Swarte stadichoan dochs wis belies joech en har kop yn de earmen fan Frou del lei. Súntsjeswei siigde har swarte liif ûnderút en stoar it ljocht út har eagen wei. Wat in grut fertriet op dizze prachtige dei. In skoft hawwe Frou, Baas en de lytsbazen dêr ferslein by sitten. Doe  seach ik Baas twa skeppen ophelje en mocht ik har noch ienris besnuve. Dêrnei moast ik yn ‘e hûs.

Letter op ‘e middei hie‘k om ‘e bliksem wol yn ‘e rekken wêr dy âlde Swarte bedarre wie: efter yn ‘e tún by de feart stiene trije grutte reidplommen yn de grûn njonken in bultsje mei houtsnippers dêr oerhinne. Ik stuts myn snuffert daliks yn dy snippers en koe wier de rook fan har noch wol in lyts bytsje opsnúve. Fierders haw ik dat plak net beruorre, mar Aïcha moat dêr bedobbe wêze. De beide grouwe tûken dy’t Baas d’r krúslings op lein hie haw ik al fuorttôge. Dy wiene te moai om net mei te boartsje. Ûnderwilens gie de sinne ûnder en kleure de himel rôsread; wat in moaie dei, sa foar de dea.

De dagen dêrnei fûn ik it stil yn ‘e hûs. Ik koe út wol fjouwer hûnekuorren kieze om yn te sliepe: twa yn ‘e gong en twa yn ‘e húskeamer. Dat fielde nuver. Ik wie suver bliid dat Baas opromming hold. Ik mis dy âlde net echt, sy wie ommers altyd sa op harsels. Mar ik haw wol in ferskuorrend protte fan Aïcha leard. De hûnetaal noch it measte. Hoe’sto mei in lytse feroaring fan hâlding sjen litte kinst hoe‘sto tsjinoer in soartgenoat stiest, sûnder ek mar te bylje of te grommelje. Want dat kin ommers altyd noch wol. It is ferdraaide spitich dat safolle hûnen, mar ek guon minsken, dy hûnetaal net by machte binne.

Febrewaris 2019

Wrafke – Frutsel

Doe’t Baas fan ‘e moarn ûnder kaam en my nei bûten litte soe, fielde ik mysels sa ferskuorrend modzich. Hy moast my suver wekker meitsje, sa sleau en moalich wie’k. Baas kin dat hiel fynfielend. Hy begjint my earst ûnder myn strôtsje te kardzjen en dan rek ik my út, draai ik mysels stadichoan op ‘e rêch, en dêrnei tysket er my oer myn búkje. Dat lit ik sa lang mooglik mei de eagen ticht gewurde om’t er my eins gjin grutter deugd dwaan kin! Mei in protte muoite rôle‘k op myn poatsjes werom en gappe wiidbekkich. En dat wylst ik fan ‘e wike krekt de hiele wrâld wol oan koe. Doe haw ik sa hearlik traind mei Frou. Ik speurde as in spear en appertearre as ‘t spoar. Ik haw alle dummys prompt fûn en fuortdaliks by Frou brocht. Och, wat wie se grutsk op har lytse mokkeltsje! Sels de jachtoefenmasterin wie optein. Ik begryp dus neat fan dy lamliddichheid . Bin wier net siik of sa mar ik kin wol in gat yn ‘e dei sliepe… Dochs mar efkes yn ‘t waar sjoen en dernei krige ik, krekt lyk as eltse moarn, iten fan Baas. Hie’k sljocht gjin sin oan. Ik haw him oansjoen en doe begûn Baas te skodholjen: ‘dan mar net, Afke…’ Hy seach wat sneu om’t ik in bytsje jierdei bin. Ik bin hjoed sekuer acht moanne âld.

Geandewei de dei gie it wat better. Frou lit my wat letter op ‘e moarn lekker lang út en dan kin ik wat omsneupe en snaaie. Frâl yn smoargens. Frou fynt my mar in fyske; ik mei dat lykwols ferskuorrend graach dwaan. Wurd dêr ek sa roppich fan dat ik thús daliks de hiele bak wol leechfrette kin! Somtiden moat ik dernei wer koarje, bynammen as ik tefolle woartelstôkken út it heakelguod fandele haw. Hjoed net en dus haw ik hearlik myn bak leechfretten. Ienris wer yn myn hûnekourke skrok ik sa ôfgryslik dat it hier my dwers op ‘e sturtbonke stie. D’r leine farske drippen bloed op it kleed! Wêr kamen die yn ‘e goedichheid wei? En net allinne op myn kleed, se leine ek rûnom op ‘e flier. It fielde boppedat krekt of ik myn miichsel net goed ophâlde koe. Ik dus wakker oan myn frutsel sneupe om te sjen wat dêr te rêden wie. Hie al murken dat dy de ôfrûne dagen stadichoan opswollen rekke wie. Suver in gleie prom. Jawis! Dêr kaam it wei. Net bêst… Daliks alles opslikje fansels en de flier skjin ljepke mei myn mûldweiltsje. En mar prakkesearje. Soe dit dan wêze wat de frou fan Pelle okkerdeis oppere? Pelle sit ek by ús op jachttraining en soe neffens har syn earste ‘wiete dream’ hân hawwe. No, Monty wie dêr noch hielendal net oan ta, andere dy oare baas doe. En ik seach dat hy syn spytgnyskjen nei Frou suver net ynhâlde koe wylst er dat sei. Mar Pelle en Monty binne reukes en ik bin in wyfke. Ik haw d’r gjin idee by hokker ‘dreamen’ my te wachtsjen steane. Op dat stuit kaam Frou wer yn ‘e keamer en sy seach my drok dwaande mei myn lape. Se dikere de flier oer en rekke suver oerémis: ‘Afke wurdt in grutte faam!’, rôp se út. Se nodde my leafdefol en dat joech my it gefoel dat ik gjin noed hawwe moast. Frou brocht Baas gau op ‘e hichte. Se sei him dat se ‘t al in pear dagen oankommen sjoen hie. It sil by it folwoeksen wurden hearre, sa moast ik hjirút wol begnuve…

Twa dagen letter is it floeien noch folle slimmer: myn doaske is no sa lek as in tjems! Dochs mei ik mei nei de training ta. Myn stimming is sa ûngelikens as it waar en ik haw nearne nocht oan. Mar dy jachttraining wol ik fansels net slûpe litte, dan meitsje ik wol nocht! Frou siet d’r suver wat oer yn. Wat soene de reuen wol net útheve? Ik hearde har beljen om advys. Letter fentilearre se oan Baas dat neffens de oefenmasterin it just in geve útdaging foar de baaskes wêze soe dat harren hûnen har net ôfliede litte meie troch de hormoanen. Sa sette ik mei Frou dochs wer ôf nei de Súdwesthoeke.

It wie ûnlijich waar mei in kâlde wyn en winterske buien. Earst liet Frou my lang yn ‘e auto wachtsje, wylst de reuen wakker omfleane mochten. Lang om let gie de training los en mocht ik ek foar ‘t ljocht komme. No, dat soarge foar opskuor. Om syn beurten moasten de hearen oan myn frutsel snuve fansels. Dy grutte Flatcoat stuts sels syn hiele noas ûnder myn krús en gong mei my oan ‘e haal as wie ‘k in kroade! Sels haw ik mar in ‘krekt-as-neat-oan-‘e-hân-hâlding’ oannaam. Jawis, myn frutsel is grut, der rint wat út en ik bin wat min by de wurken. Duh! It soe wat, fierder neat loas, hear… Doe ‘t de reuen wer oan tou sieten en de opwining delbêde wie, mochten wy om bar in dummy troch de feart ophelje. Koe eltsenien moai ôfkuolje! It wetter wie desimberkâld, mar dat die my eins wol goed. Koe allinne dat kring earst net fine! Dernei diene wy in proefstik yn stânfêstigens. Dat kin ik tsjintwurdich poerbêst. Earder hie ‘k wolris striid mei Frou om’t ik wakker ungedurich wie. Dan baarnde it my yn om te wachtsjen oan ’t Frou it sinjaal jûn hie dat ik gean mocht. No, jimme kinne wol riede dat dy reuen harren sels net altiten yn ’e macht hiene. Se moasten hyltyd efkes by my lâns noaskje…

Dernei rekke ik mysels ek kwyt by it appertearjen. Koe neat fine, harke net nei en seach gjin ynstruksjes fan Frou. Lokkich wie se net boas. Is se lykwols hast nea hear, der net fan. Se stie mei in hândoek klear om my droech te wriuwen ear’t we wer ôfsetten nei hûs ta.

No liz ik wer lekker mudzich yn ‘e grutte koer fan dy âlde swarte. It leafst op ‘e rêch en ungesjeneard mei it frutsel omheech. Ooooh, wat fiel ik my ûnhuerich looooopsk. Om my mei it moarn wol wer oer wêze…(djippe,grommeljende sucht)

Jannewaris 2019

Wrafke (24) – Fakânsje

Afke op fakânsje

Ik hie al in dei fan tefoaren yn ‘e noas dat d’r wat barre soe. Frou wie tassen oan ‘t ynpakken en narre Baas mei alderhanne fragen wat se al as net meinimme moast. Meastentiids andere hy dat se dat sels betinke koe. Der bedarre allinne iten en boartesguod fan my yn myn eigen hûnetas; de lytsbazen soene op dy âlde swarte passe. Hiene wy beide lekker it ryk allinne! Nei de kofje wie it in healoere riden en doe waarden Frou en ik yn ‘e drokte út de auto setten. Wy rûnen tegearre sigesaagjend yn de kloft omheech en stapten dernei yn in ûnbidich grut gefaarte. Binnen troffen wy Baas ek wer by in taffeltsje mei banken. D’r wiene folle mear hûnen mei baaskes mei, faaks mochten wy mekoar efkes besnúfkje. Mei ik wol oer. In protte minsken hawwe ek niget oan my. Hoech ik net iens myn bêst foar te dwaan. Se fine myn foksbrúne kleur en pup-útstrieling moai en harkje ferheard dat ik in Labrador bin.  Fjirders in soad bern. En dy wolle my allegearre aaie fansels. Dat lit ik nammers mei nocht gewurde. Mei it sels wol graach lije. Ik skrok wol efkes doe’t d’r  trije kear in lûd kabaal klonk en de flier begûn te triljen: it gefaarte kaam yn beweging.

Goed oardeloere wiene wy ûnderweis. Doe sette Baas wer ôf en seagen Frou en ik him pas by de auto wer. Dêrnei wie it mar in kertierke riden nei it simmerhúske ta, tichtby in grut bosk. Dêr koe’k lekker drave, tjirgje en myn behoeften dwaan. Noch nea safolle dinne-appels en tûken sjoen om mei te tôgjen! Ik hie ‘t ferskuorrend nei’t sin. En wat hie’k in ferlet fan iten dy jûns! Mar wat in wurch meitsjende dei. En dit wie noch mar de earste dei…

 

 

 

 

 

 

 

Dy oare moarns betiid liet Baas my earst yn’t bosk út. Ik wie krekt los en doe kaam d’r in fjouwerspan glânzjende brúnen strak oan de line foar harren baas út it bosk yn. In ymponearjend gesicht. Stik foar stik waarden se ek loslitten en mocht ik mei harren yn ‘e kunde komme. Ik lei mysels daliks op ‘e rêch foar harren del, want jo witte it mar noait… Dat wie abslút net nedich neffens harren baas. En hy hie gelyk: wat haw ik mei harren boarte! Baas fernaam oft dit stel Setters ek op jachttraining gie. No nee, dêr wiene se ek fiersten te moai foar mei harren wielderige hier! It wiene ‘sjo-hûnen’ en neffens dy baas wie d’r sels in ferneamde wrâldkampioen by. Foar my wie hy dêr net minder om, hear. Sa eptich die hy him net foar. “Doet u haar even vast?’, frege dy man, doe’t wy werom nei it simmerhúske giene. Dat wie net nedich. Ik mei graach hûntheie mar bliuw wol by myn eigen baas at dy in oare kant út giet. Dat fernúvere dy setterbaas suver in bytsje foar in hûntsje fan amper fiif moanne!

Nei it moarnsiten giene wy om fytsen út. Ik krige krekt sa’n hûnekarre as thús. No, dat bin ik ommers wend efter Frou har fyts. Mar dit hobbele nuver. Baas fûn it ek mar swier traapjen; blykte in bân lek… Mei in nije bân gie it al better. Mar dyselde deis noch prestearde Baas it wol om dy karre twa kear oer de kop te jaaien! De earste kear sil ik net safolle fan blaffe, om’t Frou dêr ek in rol yn spile, mar dy twadde kear jage hy gewoan te hurd troch de bocht!

Lokkich bin ik fleksibel en linich. En boppe alles bliuw ik altyd fleurich… Folle leaver hie ik njonken de fyts rûn, mar dat mei noch net mei myn âldens fan amper in heal jier. Wat dat oanbelanget binne dy baaskes fan my dan wol wer foarsichtich. Út en troch mocht ik út it karke. Sa kuieren wy oer it sânstrân lâns in hiel grut wetter dat nuver smakket en wêrsto ferskuorrend toarst fan krijst. Mar ik mocht mei in hiele protte nocht los omfleane. Wat dêr net leit om mei te boartsjen!

Wy kamen troch bosken en doarpkes en oerol stoppen wy efkes en mocht ik wer út dy karre wei. En baas neat oars as plaatsjes sjitte, meast fan my fansels… Dy jûns wie ik gewoanwei bekôf en sa wurch as in maits. Ik wie bliid dat se myn eigen hûnekessen meinommen hiene wêr’t ik hearlik op koese koe!

Sa hawwe wy in wike lang eltse dei derop út west, mar it like wol folle langer. Ik mocht oerol mei nei binnen ta as Frou en Baas earne kofje dronken of sa. Ik bin sels mei út iten west. Dan joech ik my noflik del ûnder de tafel. Koe it dan lykwols net litte om in skeetsje fleane te litten. Hawar, in puppeskeet is lokkigernôch gjin tongerslach. Dy lêste jûn wie alderaarichst. Begûn de baas fan dy saak samar te sjongen! En hy song my ta as ‘The most beautiful girl in the world’. Ik wit yn de goedichheid net wat dat betsjut, mar ik haw de bêste man doe mar wakker tawispelsturte. Fûn hy moai. En ikke? Ik wol noch wolris op fakânsje!

Septimber 2018

Wa’t him fernuvert oer wêr’t de wrafkes 5 oan’t en mei 23 binne? Dy moatte noch skreaun wurde…

Wrafke (4)

Foekje by de Swette

Pyt hie it dan wol gauris oer ‘sosjalisearjen’; no wat dat oanbelanget kinne se d’r hjirre ek wat fan! Ûnderweis by it útlitten kom ik al fan allerhanne soartgenoaten tsjin, mar ik moat my ek troch it byljend folk fan goeie kunde fan Baas en Frou ûnder de sturt begnuve litte. Om by dy kunde te kommen hoege wy net altiten mei de auto; like faak geane wy op wat sy ‘fyts’ neame. Ik kin dêr net op fansels, mar ik wurdt dan yn in karke efter dy fyts treaun. Dêr moast ik ferskuorrend oan wenne. Ik woe d’r it leafst sa gau mooglik wer útwippe, mar dat kin net om’t se my oan de hâlsbân yn dy karre fêst sette. Ik kin dan noch krekt oer de râne hingje en dat doch ik dan ek mar. Yn’t begjin jammere ik derby. Dat sil wol snoad like hawwe, mar wat kin my dat no skele. At soks by dat saneamde ‘sosjalisearjen’ heart dan mei ik bêst myn betinksten hearre litte, fyn ik. Mar by eintsje beslút haw ik my d’r mar by deljûn. It giet eins wol lekker flot en ik sjoch folle mear as yn dy tinte yn’e auto. En se fytse dochs inkeld mei moai waar; want reine, dêr hâld ik net sa fan…

 

 

 

 

 

 

 

Dizze sneintemoarn giene wy wer ris nei de Swette ta. Der troffen wy in wol hiel bysûnder hearskip mei syn saneamde ‘Frysktalige Hollânske Herder’, Foekje. Neffens Baas is dy Ids op swarte houten skuon de ‘Grutte Keunstner fan Easterwierrum’ en binne syn wurken al roastich ear ‘t se ôf binne. Doe’t wy krekt fan hûs ôfsetten, binne wy noch troch de homeie kaam werfan oan wjerskanten swiere, brúne peallen steane. Dy moat Ids ek makke hawwe. En Foekje hat er ferneamd nei in Fryske hurdrinster fan eartiids der’t wat mei wie. Wol, dizze Foekje kin ek hurd drave. Sy hoecht net mear yn ‘e karre mar rint gewoan njonken de fyts.

Ús treffen gie goed. Se hie net safolle niget oan my. Foekje is in bytsje wreed, sawol yn ‘e omgong as yn ‘e bek. Mar ‘Frysktalich’? Bylje my der net fan. Se blaft en grommelt mear Stedsk. Siz mar Liwwarders, sa‘t âldbaas Pyt dat ek sa moai kin. ‘Heerkes nog an toe, krijstou wel te vrete? Kest wel deur dyn eigen ribben skiete. Soan dunne Labrador hew ik yn myn hele leventsje nog noait sien!’ Ik bin fansels hielendal net meager. Ik haw har efkes flink op it festje spuid dat ik in echte ‘field trial’ bin. Hie se noch nea fan heard fansels! Mar fierder wie se net ferkeard, hear. Bytsje rimpen, net mear en net minder… Har baas hie just wol ôfgryslik niget oan my. Ik mei dy Ids wol lije. Syn keunsten moat ik noch wat oan wenne… Moai mantsje op houten skuon. Klompen binne dat, seit Baas. Soe ik wolris mei omtôgje wolle! Ik wie suver bliid dat ik wer yn ‘e karre mocht, want ik lei nei de kuier bekôf yn it reid mei dat waarme waar.

 

Wrafke (3)

De earste dagen

Moarns ier moast ik noch foar’t de sinne opkaam poernoadich pisje. D’r waard gjin sjoege jûn oan myn oppenearjen en doe haw ik it mar njonken myn kourke rinne litten. En net folle letter moast ik ek noch in gruttere boadskjip dwaan… By Pyt leine d’r meastentiids kranten oer de flier en hy romme ús smoargens altiten gewoan op. Hjir leit in soarte fan swilk yn myn sliepplak en dat wie ek net dreech skjin te meitsjen sa die bliken doe’t Frou it letter opromme. Sy liet my daliks nei bûten ta, mar dat wie al te let fansels. Dernei krige ik myn panne fol mei brokjes. Deselde dy’t wy by Pyt krigen. Pyt hie faaks mear as ien pântsje mei brok foar ús seizen klear stean sadat wy nea om iten hoegden te tsieren. Sadwaande bin ik ek net fûl op hûnefretten. Ik yt pas at ik d’r sin oan haw. Fanôf dizze alderearste dei makke Frou har wat dat oanbelanget dochs suver soargen om my. Mar se hoecht gjin noed te hawwen. Har ‘útiten’ fûn ik dan wol wer alderaardichst. Se ferstoppet de brokjes yn in soarte fan stuiterbal wer’t ik mei omgûchelje mei. Dat fyn ik machtich moai wurk en ik gean krekt sa lang troch oant dat ding leech is. De brokjes dy’t der út falle fret ik fansels daliks op! Doe’t der letter ris in kear besite kaam hie dy d’r niget oan om’t soks no just foar skrokkers ornearre is… Fjirder moat ik blafkje dat ik de nije brokjes fan hjirre dochs leaver haw dan dy fan Pyt. Frou mong se earst mar doe socht ik dy nije d’r lekker út!

Útsein dy earste nacht gie it de dagen dernei folle better. De grutste lytsbaas moat moarns al om seis oere de doar út en hy docht my nei bûten ta as hy oan syn iten sit. Dan jou ik my noch in oerke del en dan krij ik fan Baas myn moarnsiten. Dan mei ik alwer nei bûten ta en sneup ik wat yn’e tún om. Ik hie fan Frou al in sokkebal (in sok mei in bal deryn) krigen doe’t ik noch by Pyt en Emmy wie, mar hjir is noch folle mear spul wer’t ik mei omtôgje kin. Bygelyks in grof tou, in baltsje mei in slingerkoard en in rubberbonke. Echt fan dat puppeboartesguod.

‘Sokkebalje’

Faaks spaant dy oare âld hûn, Äicha, ek bûtendoar om en ik besykje wakker om better mei har yn ‘e kunde te kommen. Dat slagget hieltyd mear, mar as ik te drok foar har bin krij ik in blaf om ‘e earen. Frou lit ús om barren oan de rym lâns de dyk út. Somtiden geane wy ek earst mei de auto in eintsje út te riden en dan wurde wy lâns in grutte feart dy’t se de Swette neame, of by it spoar útlitten. Elts ketier giselt dêr in grut meunster mei kabaal foarby. Ik lûk my der neat fan oan. Aïcha ek net mear om’t sy no stram is, mar eartiids moat sy altiten oanstriid hân hawwe om dat kring yn te heljen. Dêr by’t spoar mocht ik ek Snuf moetsje. Wat in grutte hûn is dat. Dêr kin ús mem wol twa kear yn!

Wy koene alderbolderbêst boatsje. Mar ik skrok my dea! Ynienen rekken myn achterpoatsjes yn it lange gers gjin grûn mear en glied ik yn ‘e ûnderwâl samar de feart yn. Frou en Baas súver yn panyk. Dat wie absolút net nedich om ‘t ik gewoan nei de oare kant ta swom. Baas rûn oer in damke om it lân yn, grypte my yn myn nekfel sa‘t ús mem ek wol mei my omtôge hat en hy smiet my as in wiete dweil op it lân. Ik like wol in grouwe rôt, sei er. No haw ik noch nearne in rôt sjoen, mar dat klonk bepaald net as in komplemint… Ik krige it wol wat kâld en ik siet letter yn myn hûnetinte efter yn de auto te triljen as in juffershûntsje. Lokkich hie Frou in skûlk by de hân en hat se my wer lekker droech wreaun. Wat in aventoer, ju.

Dyselde jûns wie ik sels te wurch om myn bakje leech te iten…

 

Wrafke (2)

In nij begjin

De woansdei nei Pinkster wiene allinne Abe en ik noch oer fan ús nêst fan seis. Ik fûn it sneu foar Abe mar ik wie bliid dat ík net as âlderlêste ophelle waard troch myn nije baas en syn frou. Ik seach se al fan fierren oankommen en hie daliks troch dat ik no oan bar wie en sa sette ik myn sturt yn de heechste wyspelstân.

 

Pyt hie de triennen yn ‘e eagen doe’t wy mei syn trijen ôfsetten mar ik tocht by mysels: ‘ja fader, dan hiesto my mar net fersizze moatten!’ Ik mocht by Frou op skoat sitte yn in grut kabaalding dy’t sy ‘auto’ neame. Ik krige noch in aai oer ‘e kop fan Pyt en Emmy en dêr gong ik mei myn krapoan sân wike âld de wiide wrâld yn. Weemoedich útswaaien wie it lêste wat ik fan harren seach. Ûnderweis waard ik in bytsje mislik en ‘k moast derfan flybje. Frou hie d’r rekken mei holden en strûpte in grutte doek ûnder my del. Gelokkich duorre it net lang en sûnder koarjen kaam ik al rillegau op myn nije wenstee. De ûntfangst dêr wie alderhertlikst. D’r wenje hjirre noch trije grouwe jonges thús dy ‘t my om bar oankrûpe woene. Mar boppedat wennet hjir ek noch in âld sok. Sy soe wolris muoite mei my ha kinne en dus setten wy op ‘e nij wer ôf nei in ‘neutraal gebiet’ om elkoar te moetsjen. Ik waard yn myn nije reistinte efter yn ‘e auto treaun en dêr gongen wy wer. Ja ho’ris, tocht ik, wat sille wy no ha! Ik seach neat, ‘k wist alhiel net wat my te wachtsjen stie en dat sille jimme witte ek! Sadwaande haw ik hearre litten dat ik fan de wolven útskaai. Mar it duorre grif noch gjin fiif minuten en doe mocht ik mei dy âlde swarte yn ‘e kunde komme. Aïcha neame se har. In swarte labrador fan mear as fjirtjin jier. No, sa swart as ús mem is se net mear; sis mar sulvergriis. Foaral om ‘e snút en ûnder de sturt. En se rint wat krebintich mar wa seit my hoe’t ik noch omspaan at ik sá âld wurde mei..? Sy fûn my wol wat drok, mar ik haw neat oars dien as har om ‘e bek ôfslikje en der is gjin ferkearde blaf fallen, lit stean biten en grommen… Ik haw har daliks ûnderdienich merke litten wat myn plakje is en dat sil foarearst fêst sa bliuwe at it oan my leit. Fansels hat sy de âldste rjochten hjirre. Faaks kin ik ek noch in protte fan har leare. ‘At dat mar net it ferkearde is’, seit Frou perfoarst. No, dat sil de tiid leare.

Doe gongen wy werom nei myn nije stee en lieten se my myn sliepplak sjen. In grutte koai gewoan yn ‘e húskeamer. Ik krige wat brokjes dy’t Pyt meijûn hie, mar der hie ‘k noch gjin ferlet fan en doe haw ik my daliks deljûn yn myn hûnekuorke. Dat is dúdlik earder brûkt, mar dat makket my neat út om’t it hûnebêd deryn skjin is.

Op ‘e neimiddei haw ik wakker yn ‘e tún boarte mei eltsenien en bin ik al oan in halsbân de strjitte út west. Wat in dei. Ik wie dy jûns folslein út ‘e liken! Safolle nije yndrukken, nije gesichten en sa. Yn it lân efterhûs haw ik bygelyks mei niget hiele grutte swarte en wite skepsels sjoen dy’t net blaffe mar blête. Hiel nijsgjirrich! Doe ‘t it letter op ‘e jûn stil en tsjuster waard yn ‘t hûs miste ik ús mem en myn bruorkes dochs wol ferskuorrend. Pyt hie in stik tekken fan ús nêstkoer meijûn en dat joech my treast. Dochs moast ik súntsjes jammerje. Mar dat hat noch gjin kertier duorre, doe foel ik as in blok yn sliep…

 

Wrafke (1)

De nêsttiid

Myn namme is Afke. Folút ‘Afke fan it Fryske Wetterlân’. Berne yn it Ljouwerter Âldlân op 1 april fan dit jier en dat is gjin grapke. Ik bin d’r ien fan seis; ik haw fiif bruorren. Harren nammen binne ek like Frysk as dy fan my. Wy binne lykwols net fan it Fryske ras mar Labradors fan it jachttype. Ús mem wennet by Pyt & Emmy en dy. Sy hawwe al wol faker ris wat oan fokkerij dien, mar wy wiene ús mem har earste nêst. Mem is swart as de nacht, heit haw ik nea sjoen, mar hy moat in grutte blonde âldfader weze. Ien mei sterke genen want wy binne alle seis blond. Giel stiet op myn stambeam mar dat is gewoan net wier, ik bin eins foksbrún. Folle moaier!

Ik haw in gouden tiid hân by Pyt en Emmy. De earste twa wike krijsto d’r net sa folle fan mei want wy leine allinne mar wat by ús mem oan it jaar te sobjen en fjirders in protte sliepe fansels.

En nei njoggen dagen geane dy de lûkjes iepen, mar dan sjochsto noch gjin poat foar d’eagen. Pas nei trije wike kinsto wat omskarrelje en krijsto ek ris wat oars as memmetate. Ús mem wie ferskuorrend wiis mei ús en wy groeiden as koal. It alderlekkerst fûn ik sliepe op in grutte bult boppe op myn bruorren. Hearlik! Mar ik fûn it ek prachtich at de lytse faam oer de flier kaam om te boartsjen. Foaral doe’t wy wat letter mei moai waar ek yn ‘e tún omslaan mochten. En baas Pyt? Och, hy hat wol wat de namme fan in gnoarrepôt, mar hy wie sa grutsk op ús! Hy hat geweldich op ús past. It wie altiten sûkerskjin en wy krigen net allinnich fan dat lytsehûnefretten. Faaks hie Pyt guozzefleis of soksawat; dan slikken wy mekoar de bek ôf! Mar hy jage ús sa no en dan wol de skrik oan. Fansels wiene wy dêr gau klear mei. No ja, allinne myn broerke Epke hat ienris in healoere fan’t hynder west doe’t Pyt mei dat grutte lawaaiding stie te gûcheljen en te blazen, mar fjirders stiene wy syn fiten. Tsjin de besite sei er dan dat er al drok oan it ‘sosjalisearjen’ wie. Ja hear…

 

Dy nêsttiid fljocht om. Doe’t wy seis wike wiene kaam de karmaster fan it Hûneferbûn. Dy besjocht dy en jout dy in dikke spuit yn ‘e nekke. Dan wurdsto in nûmer yn it grutte stambeamboek. In pear dagen letter krigen wy allegearre nochris in spuit fan myn nije baas. It sil wol goed foar ús wêze, mar om my hie dat net hoegd. Dernei hawwe wy noch in goed wike wakker wille meielkoar hân en mei Pinkster waard de iene nei de oare fan ús ophelle. Myn bruorren waard suver om tsierd, mar ik wie al fersein oan de frou fan de bistedokter. Har werkenbere stimme hie’k op 1 april al heard, doe moat se op kreambesite west wêze. Pyt hat har goedkard, oars hie hy my sels holden, sei er. En de bistedokter? Dy hat suver neat oan ús fertsjinne om’t wy út in sûn laach komme. Ik haw him dus allinne mar jild koste. Hy tinkt nammers dat er myn tinzen ferwurdzje kin. Hawar, ik lit him mar yn dy waan. Ik bin lykwols bang dat der mear ‘wrafkes’ folgje sille…