Wrafke – It paad bjuster…

Ynienen stie hy foar ús. De man dy’t wy wolris faker thúsbrocht hawwe, om’t hy syn eigen hûs net wer fine koe. Mar dat wie by ljochtskyndei; no wie’t sa tsjuster as de nacht wêze kin. Frou skrok d’r suver fan, ikke net fansels. Ik hie him allang yn’e noas. Wy rûnen de slach om it plak wer’t deade minsken ûnder de grûn lizze, want dêr mei ik altiten efkes los omstrúne. De bêste man moat op it bankje sitten hawwe te jûnpizeljen of sa. Hy hie hielendal net yn’t sin om Frou skrikke te litten. “Wat in moaie ferjlochting hat jo hûntsje om’e hals, nei alle gedachten is dat ek wol wat foar my!”, lake hy. Mei-inoar kuieren wy op nei’t stek, dêr moast ik wer fêst oan de line. Lâns it nijmoadrige café wer’t ik earder fan tocht dat de man dêr wenne. Hy komt d’r wol faak, sei er. Se skine gjin huppeltsjewetter te skinken, it moat dus in soarte fan Blauwe Tinte wêze foar minsken dy’t it paad nei hûs bjuster binne. Ik kin my soks net begripe. At se my de earflappen foar de eagen fêstbine, kin ik it paad nei hûs blyn noch wol fine. Myn noas bringt my altyd wer’t ik wêze wol. Dat skynt lykwols by minsken net sa te wurkjen. De man begûn Frou út te lizzen wêr’t hy wol en net lâns rinne mocht, en dat hy foaral net lâns in feart rinne moat. Dat kin ommers nuodlik wêze. Ûnderweis woe hy ús fan alles sjen litte en oanwize. Sadwaande rûnen wy slingerjend it doarp troch. Ik fyn dat nijsgjirrich, sa komme jo nochris earne. Mar doe fûn Frou it moai west en brochten wy de bêste man nei syn eigen hûs ta.

Sels bin ik it paad nea bjuster. No ja, seldsum. Okkerdeis hie’k mysels wol te pakken. Dat wie op in training foar myn soarte fan jachthûnen. Frou grapket wolris dat se mei my nei de ‘Nimrod’ wol. De Nimrod is in kriich foar hûnen dy’t noch wat mear hûnsk binne as allinne mar in knyn of hazze foar de Kryst binnen bringe by de baas, sûnder dy te ferropjen. Dat freget in bulte training en geduld fan hûn én baas! Wy reizgje wat op en del nei ús ferneamde jachtoefenmasterin út Harich. Sy hie dy kear ek wer in tûk proefstik betocht. Ik moast wol in kertier sitte te wachtsjen, wylst sy en Frou troch it lân omkrústen. Doe’t se lang om let wer by my kamen, stjoerde Frou my faaljekant nei it oare ein fan dy stripe dan wer’t sy rûn hiene. Ja, duhh, tocht ik. Dêr leit fansels neat; jimme binne dêr ommers hielendal net west! Ik makke rjochtsomkeard nei de kânt wer’t sy omstrúnd hiene. Ik haw ek wol in kertier socht en dat hiele stik sigesaagjend útkjimd. Ûnderwylst hat Frou wol tsien kear roppen: “Afke, Aáfke!!!” Ik wit wier myn namme wol, mar lústere net fansels. Oan’t Frou my ophelle. Sy is nea lulk op my, mar it gesicht stie no wol ûnhuer op ûnwaar. As in dohûdich bern waard ik opbrocht, ûnder spytgnyskjende oanmerkings fan Baas dat dit net bepaald Nimrodweardich gedrach wie. Frou besocht it nochris my nei de oare ein fan dy stripe te stjoeren. Dat haw ik doe mar kreas dien. En hja hiene my te fiter. No hie’k samar de dummy dy’t se dêr blykber al folle earder dellein hiene… No ja, ik bin ek noch mar oardel jier âld en lear noch eltse dei by dat lústerje ek in keunst is!

No wer efkes werom nei ús aventoer yn’t tsjuster. It wie fier nei tsienen dy jûns dat ik mei Frou wer thús kaam. Baas wie al bot ûngerêst: “Wêr hawwe jimme sa lang úthongen? Binne jim by Dokkum om west of sa?” No, dat wie in hiel ferhaal. En dat begûn sa: ‘Ynienen stie de man foar ús. Frou skrok d’r suver fan…’

Wreed foar him dat er dat it paad bjuster wie. Mar moai dochs dat wy de ferdwaalde man skewiele koene?

© Afke fan it Fryske Wetterlân   Desimber 2019

Dit bericht is geplaatst in Wrafkes. Bookmark de permalink.

Reacties zijn gesloten.