Wrafke (3)

De earste dagen

Moarns ier moast ik noch foar’t de sinne opkaam poernoadich pisje. D’r waard gjin sjoege jûn oan myn oppenearjen en doe haw ik it mar njonken myn kourke rinne litten. En net folle letter moast ik ek noch in gruttere boadskjip dwaan… By Pyt leine d’r meastentiids kranten oer de flier en hy romme ús smoargens altiten gewoan op. Hjir leit in soarte fan swilk yn myn sliepplak en dat wie ek net dreech skjin te meitsjen sa die bliken doe’t Frou it letter opromme. Sy liet my daliks nei bûten ta, mar dat wie al te let fansels. Dernei krige ik myn panne fol mei brokjes. Deselde dy’t wy by Pyt krigen. Pyt hie faaks mear as ien pântsje mei brok foar ús seizen klear stean sadat wy nea om iten hoegden te tsieren. Sadwaande bin ik ek net fûl op hûnefretten. Ik yt pas at ik d’r sin oan haw. Fanôf dizze alderearste dei makke Frou har wat dat oanbelanget dochs suver soargen om my. Mar se hoecht gjin noed te hawwen. Har ‘útiten’ fûn ik dan wol wer alderaardichst. Se ferstoppet de brokjes yn in soarte fan stuiterbal wer’t ik mei omgûchelje mei. Dat fyn ik machtich moai wurk en ik gean krekt sa lang troch oant dat ding leech is. De brokjes dy’t der út falle fret ik fansels daliks op! Doe’t der letter ris in kear besite kaam hie dy d’r niget oan om’t soks no just foar skrokkers ornearre is… Fjirder moat ik blafkje dat ik de nije brokjes fan hjirre dochs leaver haw dan dy fan Pyt. Frou mong se earst mar doe socht ik dy nije d’r lekker út!

Útsein dy earste nacht gie it de dagen dernei folle better. De grutste lytsbaas moat moarns al om seis oere de doar út en hy docht my nei bûten ta as hy oan syn iten sit. Dan jou ik my noch in oerke del en dan krij ik fan Baas myn moarnsiten. Dan mei ik alwer nei bûten ta en sneup ik wat yn’e tún om. Ik hie fan Frou al in sokkebal (in sok mei in bal deryn) krigen doe’t ik noch by Pyt en Emmy wie, mar hjir is noch folle mear spul wer’t ik mei omtôgje kin. Bygelyks in grof tou, in baltsje mei in slingerkoard en in rubberbonke. Echt fan dat puppeboartesguod.

‘Sokkebalje’

Faaks spaant dy oare âld hûn, Äicha, ek bûtendoar om en ik besykje wakker om better mei har yn ‘e kunde te kommen. Dat slagget hieltyd mear, mar as ik te drok foar har bin krij ik in blaf om ‘e earen. Frou lit ús om barren oan de rym lâns de dyk út. Somtiden geane wy ek earst mei de auto in eintsje út te riden en dan wurde wy lâns in grutte feart dy’t se de Swette neame, of by it spoar útlitten. Elts ketier giselt dêr in grut meunster mei kabaal foarby. Ik lûk my der neat fan oan. Aïcha ek net mear om’t sy no stram is, mar eartiids moat sy altiten oanstriid hân hawwe om dat kring yn te heljen. Dêr by’t spoar mocht ik ek Snuf moetsje. Wat in grutte hûn is dat. Dêr kin ús mem wol twa kear yn!

Wy koene alderbolderbêst boatsje. Mar ik skrok my dea! Ynienen rekken myn achterpoatsjes yn it lange gers gjin grûn mear en glied ik yn ‘e ûnderwâl samar de feart yn. Frou en Baas súver yn panyk. Dat wie absolút net nedich om ‘t ik gewoan nei de oare kant ta swom. Baas rûn oer in damke om it lân yn, grypte my yn myn nekfel sa‘t ús mem ek wol mei my omtôge hat en hy smiet my as in wiete dweil op it lân. Ik like wol in grouwe rôt, sei er. No haw ik noch nearne in rôt sjoen, mar dat klonk bepaald net as in komplemint… Ik krige it wol wat kâld en ik siet letter yn myn hûnetinte efter yn de auto te triljen as in juffershûntsje. Lokkich hie Frou in skûlk by de hân en hat se my wer lekker droech wreaun. Wat in aventoer, ju.

Dyselde jûns wie ik sels te wurch om myn bakje leech te iten…

 

Dit bericht is geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS, Wrafkes. Bookmark de permalink.

Reacties zijn gesloten.