Wrafke (24) – Fakânsje

Afke op fakânsje

Ik hie al in dei fan tefoaren yn ‘e noas dat d’r wat barre soe. Frou wie tassen oan ‘t ynpakken en narre Baas mei alderhanne fragen wat se al as net meinimme moast. Meastentiids andere hy dat se dat sels betinke koe. Der bedarre allinne iten en boartesguod fan my yn myn eigen hûnetas; de lytsbazen soene op dy âlde swarte passe. Hiene wy beide lekker it ryk allinne! Nei de kofje wie it in healoere riden en doe waarden Frou en ik yn ‘e drokte út de auto setten. Wy rûnen tegearre sigesaagjend yn de kloft omheech en stapten dernei yn in ûnbidich grut gefaarte. Binnen troffen wy Baas ek wer by in taffeltsje mei banken. D’r wiene folle mear hûnen mei baaskes mei, faaks mochten wy mekoar efkes besnúfkje. Mei ik wol oer. In protte minsken hawwe ek niget oan my. Hoech ik net iens myn bêst foar te dwaan. Se fine myn foksbrúne kleur en pup-útstrieling moai en harkje ferheard dat ik in Labrador bin.  Fjirders in soad bern. En dy wolle my allegearre aaie fansels. Dat lit ik nammers mei nocht gewurde. Mei it sels wol graach lije. Ik skrok wol efkes doe’t d’r  trije kear in lûd kabaal klonk en de flier begûn te triljen: it gefaarte kaam yn beweging.

Goed oardeloere wiene wy ûnderweis. Doe sette Baas wer ôf en seagen Frou en ik him pas by de auto wer. Dêrnei wie it mar in kertierke riden nei it simmerhúske ta, tichtby in grut bosk. Dêr koe’k lekker drave, tjirgje en myn behoeften dwaan. Noch nea safolle dinne-appels en tûken sjoen om mei te tôgjen! Ik hie ‘t ferskuorrend nei’t sin. En wat hie’k in ferlet fan iten dy jûns! Mar wat in wurch meitsjende dei. En dit wie noch mar de earste dei…

 

 

 

 

 

 

 

Dy oare moarns betiid liet Baas my earst yn’t bosk út. Ik wie krekt los en doe kaam d’r in fjouwerspan glânzjende brúnen strak oan de line foar harren baas út it bosk yn. In ymponearjend gesicht. Stik foar stik waarden se ek loslitten en mocht ik mei harren yn ‘e kunde komme. Ik lei mysels daliks op ‘e rêch foar harren del, want jo witte it mar noait… Dat wie abslút net nedich neffens harren baas. En hy hie gelyk: wat haw ik mei harren boarte! Baas fernaam oft dit stel Setters ek op jachttraining gie. No nee, dêr wiene se ek fiersten te moai foar mei harren wielderige hier! It wiene ‘sjo-hûnen’ en neffens dy baas wie d’r sels in ferneamde wrâldkampioen by. Foar my wie hy dêr net minder om, hear. Sa eptich die hy him net foar. “Doet u haar even vast?’, frege dy man, doe’t wy werom nei it simmerhúske giene. Dat wie net nedich. Ik mei graach hûntheie mar bliuw wol by myn eigen baas at dy in oare kant út giet. Dat fernúvere dy setterbaas suver in bytsje foar in hûntsje fan amper fiif moanne!

Nei it moarnsiten giene wy om fytsen út. Ik krige krekt sa’n hûnekarre as thús. No, dat bin ik ommers wend efter Frou har fyts. Mar dit hobbele nuver. Baas fûn it ek mar swier traapjen; blykte in bân lek… Mei in nije bân gie it al better. Mar dyselde deis noch prestearde Baas it wol om dy karre twa kear oer de kop te jaaien! De earste kear sil ik net safolle fan blaffe, om’t Frou dêr ek in rol yn spile, mar dy twadde kear jage hy gewoan te hurd troch de bocht!

Lokkich bin ik fleksibel en linich. En boppe alles bliuw ik altyd fleurich… Folle leaver hie ik njonken de fyts rûn, mar dat mei noch net mei myn âldens fan amper in heal jier. Wat dat oanbelanget binne dy baaskes fan my dan wol wer foarsichtich. Út en troch mocht ik út it karke. Sa kuieren wy oer it sânstrân lâns in hiel grut wetter dat nuver smakket en wêrsto ferskuorrend toarst fan krijst. Mar ik mocht mei in hiele protte nocht los omfleane. Wat dêr net leit om mei te boartsjen!

Wy kamen troch bosken en doarpkes en oerol stoppen wy efkes en mocht ik wer út dy karre wei. En baas neat oars as plaatsjes sjitte, meast fan my fansels… Dy jûns wie ik gewoanwei bekôf en sa wurch as in maits. Ik wie bliid dat se myn eigen hûnekessen meinommen hiene wêr’t ik hearlik op koese koe!

Sa hawwe wy in wike lang eltse dei derop út west, mar it like wol folle langer. Ik mocht oerol mei nei binnen ta as Frou en Baas earne kofje dronken of sa. Ik bin sels mei út iten west. Dan joech ik my noflik del ûnder de tafel. Koe it dan lykwols net litte om in skeetsje fleane te litten. Hawar, in puppeskeet is lokkigernôch gjin tongerslach. Dy lêste jûn wie alderaarichst. Begûn de baas fan dy saak samar te sjongen! En hy song my ta as ‘The most beautiful girl in the world’. Ik wit yn de goedichheid net wat dat betsjut, mar ik haw de bêste man doe mar wakker tawispelsturte. Fûn hy moai. En ikke? Ik wol noch wolris op fakânsje!

Septimber 2018

Wa’t him fernuvert oer wêr’t de wrafkes 5 oan’t en mei 23 binne? Dy moatte noch skreaun wurde…

Dit bericht is geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS, Wrafkes. Bookmark de permalink.

Reacties zijn gesloten.