Wrafke (2)

In nij begjin

De woansdei nei Pinkster wiene allinne Abe en ik noch oer fan ús nêst fan seis. Ik fûn it sneu foar Abe mar ik wie bliid dat ík net as âlderlêste ophelle waard troch myn nije baas en syn frou. Ik seach se al fan fierren oankommen en hie daliks troch dat ik no oan bar wie en sa sette ik myn sturt yn de heechste wyspelstân.

 

Pyt hie de triennen yn ‘e eagen doe’t wy mei syn trijen ôfsetten mar ik tocht by mysels: ‘ja fader, dan hiesto my mar net fersizze moatten!’ Ik mocht by Frou op skoat sitte yn in grut kabaalding dy’t sy ‘auto’ neame. Ik krige noch in aai oer ‘e kop fan Pyt en Emmy en dêr gong ik mei myn krapoan sâwn wike âld de wiide wrâld yn. Weemoedich útswaaien wie it lêste wat ik fan harren seach. Ûnderweis waard ik in bytsje mislik en ‘k moast derfan flybje. Frou hie d’r rekken mei holden en strûpte in grutte doek ûnder my del. Gelokkich duorre it net lang en sûnder koarjen kaam ik al rillegau op myn nije wenstee. De ûntfangst dêr wie alderhertlikst. D’r wenje hjirre noch trije grouwe jonges thús dy ‘t my om bar oankrûpe woene. Mar boppedat wennet hjir ek noch in âld sok. Sy soe wolris muoite mei my ha kinne en dus setten wy op ‘e nij wer ôf nei in ‘neutraal gebiet’ om elkoar te moetsjen. Ik waard yn myn nije reistinte efter yn ‘e auto treaun en dêr gongen wy wer. Ja ho’ris, tocht ik, wat sille wy no ha! Ik seach neat, ‘k wist alhiel net wat my te wachtsjen stie en dat sille jimme witte ek! Sadwaande haw ik hearre litten dat ik fan de wolven útskaai. Mar it duorre grif noch gjin fiif minuten en doe mocht ik mei dy âlde swarte yn ‘e kunde komme. Aïcha neame se har. In swarte labrador fan mear as fjirtjin jier. No, sa swart as ús mem is se net mear; sis mar sulvergriis. Foaral om ‘e snút en ûnder de sturt. En se rint wat krebintich mar wa seit my hoe’t ik noch omspaan at ik sá âld wurde mei..? Sy fûn my wol wat drok, mar ik haw neat oars dien as har om ‘e bek ôfslikje en der is gjin ferkearde blaf fallen, lit stean biten en grommen… Ik haw har daliks ûnderdienich merke litten wat myn plakje is en dat sil foarearst fêst sa bliuwe at it oan my leit. Fansels hat sy de âldste rjochten hjirre. Faaks kin ik ek noch in protte fan har leare. ‘At dat mar net it ferkearde is’, seit Frou perfoarst. No, dat sil de tiid leare.

Doe gongen wy werom nei myn nije stee en lieten se my myn sliepplak sjen. In grutte koai gewoan yn ‘e húskeamer. Ik krige wat brokjes dy’t Pyt meijûn hie, mar der hie ‘k noch gjin ferlet fan en doe haw ik my daliks deljûn yn myn hûnekuorke. Dat is dúdlik earder brûkt, mar dat makket my neat út om’t it hûnebêd deryn skjin is.

Op ‘e neimiddei haw ik wakker yn ‘e tún boarte mei eltsenien en bin ik al oan in halsbân de strjitte út west. Wat in dei. Ik wie dy jûns folslein út ‘e liken! Safolle nije yndrukken, nije gesichten en sa. Yn it lân efterhûs haw ik bygelyks mei niget hiele grutte swarte en wite skepsels sjoen dy’t net blaffe mar blête. Hiel nijsgjirrich! Doe ‘t it letter op ‘e jûn stil en tsjuster waard yn ‘t hûs miste ik ús mem en myn bruorkes dochs wol ferskuorrend. Pyt hie in stik tekken fan ús nêstkoer meijûn en dat joech my treast. Dochs moast ik súntsjes jammerje. Mar dat hat noch gjin kertier duorre, doe foel ik as in blok yn sliep…

 

Dit bericht is geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS, Wrafkes. Bookmark de permalink.

Reacties zijn gesloten.