Krystknyn

Piter is de namme, as jo my tasteane. Ik bin ien fan Jehannes fan de Trije Romers. Bin al hiel jong út ‘e hûs rekke, mar myn nije wente wie in boppeslach. In hiel grut striehok, in âld hinnehok, mei útsicht op it westen. Yn de nêstkastkes koe ‘k my weromlûke at dat sa útkaam. Dêr wipte ik doedytiids samar yn. ‘k Wie noch linich, dat hat der tsjintwurdich wol oan.

Myn nije lytsbaas wie wakker wiis mei my. Hy ferneamde my nei de âld boppemaster fan dit doarp, om’t ik krekt sa ‘n búkje hie as hy. En, noch folle wichticher, Lytsbaas ûnderkende myn iensumens en woe my net ferPiterje litte. Sadwaande kaam Loekie derby. Se kaam fan Flânsum. By in boer wei, der’t de bern net goed mear op har pasten. Mar hja hiene Piter goed te fiter! Ik wist noch net iens dat Loekie komme soe, doe’t ik yn in koai op transport set waard troch de heit fan Lytsbaas. Nei Grou, sa die letter bliken. Ik krige in spuit yn myn achterste en fierder haw ik neat mear fernommen. Mar nei ôfrin wie‘k wol myn bûsjild kwyt! En dat neamt himsels ‘bistedokter’… Brek my de kninebek net iepen… Dy hiele aksje hat de Linepraat, de doarpskrante, helle, dat wit ik noch goed. De master fan lytsbaas, myn namgenoat, hie dy hiele dei pine yn ‘e holle. Dy nuteslachter fan my miende dat soks te krijen hie mei in soarte fan hekserij, krektlyk as dat reklamespotsje mei dy Amerikaanske presidint. No, ik hie ‘Apeldoorn’ wol belje wollen om moard en brân te razen, mar dat dogge kninen no ienris net, no? (nijsgjirrich nei dat stikje?)

Doe‘t Loekie dan kaam ha’k it fuortendaliks noch ien kear besocht, mar myn lyts man koe neat mear klear meitsje. De leidinkjes wiene leech. Dochs ha wy in tige noflike tiid hân tegearre. By ‘t simmer mochten we yn in stjelp yn ‘t gers en sa. Dat wie suver fekânsje. Faak sieten wy deun tsjin mekoar oan yn ‘t hok en sa oerlibben we ús earste kryst. Dat dizze famylje harren beheint ta grapkes oer útwrydske fretterijen mei knyn op ‘e spiiskaart waard doe daliks dúdlik. ‘Flappie-tafrielen’ waarden ús sadwaande Godtank besparre. Krektoarsom, wy krije in ekstra woartel of sa op soksoarte fan dagen. En ik seach der al net lijerich út, al sis ik it sels. Ik hie der grif wol klear foar west. Sadwaande hawwe wy tegearre trije kear kryst belibbe. Ik rekkenje altiten yn krystfeesten, myn bertedatum wit ik net iens! Lokkicher as doe haw ik nea wer west. Spitigernôch fielde Loekie dat oars. Sy fûn dat der eat ûntbruts. En bewize kin ik it net fansels, mar ik haw altyd tocht dat it gemis oan in neiteam har siik makke hat. Sy krige in swolm oan ‘e kaak en koe net mear goed ite. Grutbaas hat wakker besocht der wat oan te dwaan, mar sa‘t ik al trochskimerje litten haw, ik achtsje syn kapasiteiten op it mêd fan de genêskunde net sa heech. Lang hat Loekie net lijd. Lytsbaas hie der ferskuorrend fertriet fan. Master frege him op skoalle wat der oan skeelde. Yn trienen die de lytse man ferslach. Wa fan de twa der sneuvele wie, woe myn namgenoat witte. Doe’t er hearde dat it Loekie wie en ik net, andere hy ‘pedagogysk’: “Gelokkich mar.”  Dat ferbjustere Lytsbaas noch folle mear…

Lang ha‘k net allinich west. Der waard in jong ding hielendal út Âldelamer helle. It like wol in punkknyntsje. Sy neamden har Punky. Kuifje fûn ik sels in moaiere namme.

Se wie in bytsje drok. ADHD soe men tsjintwurdich sizze. Eartiids seine wy gewoan dat de heit of mem ek al wat beweechlik wiene. Mar fierders wol leaf, hear. It waard fansels nea wer sa as mei Loekie. Ek mei har oerlibbe ik trije kear kryst. Doe lei se samar op in moarn dea yn ‘t hok. My tinkt dat har hert it bejûn hat, mear falt der net fan te sizzen. Mar goed, dêr siet Piter Knyn wer allinne…

Doe kaam der in trio, twa hampelmannen en in wyfke. Lytsbaas sil wol tocht hawwe, dy Piter oerlibbet alles. Kin de groep mar better wat grutter meitsje. Dy beide mannen mochten fansels wer gjin wille fan harren ponkje hawwe. En in skofke letter kaam der ek noch in Dutsk frommes by. Hiene de pake en beppe fan Lytsbaas meinommen fan fekânsje earne út de Harz wei. In hiel kreas eike, mar in bytsje stiif en sa slûchslim as in motsje. Angela neamde ik har. Meimekoar waarden we sa in lytse koloanje, in kommune sa’t jo wolle, kompleet mei in multykulty tintsje. Hiel nijmoadrich, dêr net fan en ek wol gesellich. Mar Lytsbaas syn ambysjes giene fierder. Der kaam in kloft dowen by ús yn it hok te wenjen en dêr wie’k minder oer te sprekken. Sa bretaal as de boal, man! Dy koerkoppen naaie gewoan mei dyn bôle út ast net oppast. En ast der wat fan seist, skite se dy gewoan op ‘e kop. Ik bin fan hûs út sosjaal en ik haw in grut read hert, mar dêr moast gjin misbrûk fan meitsje, want dan set ik it op in brommen. Dat is ek sa’n bytsje it iennichste lûd dat der út my komt, hear. En ik jou fansels in roffel mei de achterpoaten. Kinst my net lilker krije…!

Ôfrûne simmer ha wy ‘krisis’ yn ‘t hok hân. Ien fan dy beide froulju wie yn har jachterige rite sa ôfgryslik djoeisk, it gong der om wei! Wier, by de kninen om’t ôf. Alle trije rammelers kinne ommers neat mear en dus wiene wy der glêd mei oan. Sy fleach by de muorren op en ús oan. Mysels hat sy in stik út myn ear biten, it bloed siet witwêrsanne. Lytsbaas moast yngripe en hat har in pear wike by ús weiholden. It koe gewoan net oars. Ik krige it gefoel dat ik soks al ris earder meimakke hie. Dat ferrekte yngripen fan minsken yn jins wille en genot; wy hearre baas yn eigen sek te wêzen. Wy fokke wier net altiten as kninen. Ik sjoch mei oergeunst nei dy dowen, der sit hast altyd wol ien of mear fan te brieden. Hawar, it sil no ienris sa wêze moatte.

No is’t hast wer krysttiid. Myn tsiende, by libben en wolwêzen. Tiid foar de libbenskronyk fan in flapear, hie ‘k sa tocht. Ik fiel ommers oan alles dat myn knyntsjedagen hast op binne. Ik bin gjin skaad mear fan eartiids. Kin tsjintwurdich wol mei de oare kninen troch it rip frette. Bin sa goed as blyn, hear hast neat mear en bin sa krebintich as in kroade. Mar der wurdt hjir wakker op my past. Minsken, it liket Leppehiem wol! Lytsbaas soarget foar in poerbêst miel iten en de hampelmannen tinke der goed om dat ik myn gerak krij. At wy it op hawwe, wurd ik yn ‘e watten lein troch de beide eikes. Se fersoargje sels myn facht as it sa útkomt. En at it kâld is, sitte wy alle fiif deun tsjin elkoar oan. Wat wol in âld knyn no noch mear?

En mocht dy âld boppemaster no miene dat er assosjaasjes meitsje moat mei syn eigen foarlân, lit him dan betinke dat it noch net sa min tahâlden is yn Leppehiem. En lit dejinge dy’t it krystmiel mei knyn dwaan moat nochris oan dy âlde flapear tinke. Ik winskje eltsenien in noflike kryst; it soe myn lêste wol ris wêze kinne. Teminsten, as ik het al helje. Piter wie de namme, as jo my tasteane.

Desimber 2012

 

De weesfôle fan Holwerda Sathe

Doe’t ik op sneintemoarn buorfrou Froukje oan de tillefoan krige, murk ik daliks dat sy behoarlik fan ’t hynder wie. Sibrecht, de âld merje, lei dy moarns samar dea yn ‘e hynsteboks en de fôle fan krekt twa moanne rûn ferstuivere om har mem hinne. Fansels wiene ús bourlju op dat stuit finaal fan ‘e kaart.

Ik beskôgje it as in grut foarrjocht dat wy sa frij wenje. Oan de râne fan it doarp sjogge wy fier it fjild oer, mei yn ‘e fjirte Friens en Grou. By ‘t simmer binne dy fjilden bûnt en as wy oer ús eigen keppeltsje swarte en wite skiep hinne dikerje, sjogge wy swartbûnte kij en Fryske hynders. As dy kij yn it ferline foar melken ophelle waarden troch de boerinne, tysken der faaks ek nochris in pear stabij’s om har hinne. Dat lêste bart lykwols tsjintwurdich net folle mear, wy hearre se somtiden alline noch mar blaffen. Nimt net wei dat ús buorlju, Froukje en Nico Hooghiemster, leafhawwers binne fan de Fryske rassen. Nico melkt in goed tritich FH-kij. Der wurdt biologysk buorke op de pleats en dêrtroch binne de greiden yn ‘e maityd ek noch ris kleurryk.

 

Nico en Froukje hawwe net allinne in bulte nocht oan it Fryske laach, sy binne ek fokkers. De kij geane geregeld nei in keuring en se brûke faak harren eigen bolle. Dat fokkersbloed ferleagenet him ek net by de hynders en de hûnen. Foar harren stabij’s hawwe ús buorlju sels in eigen kennelnamme: ‘Holwerda Sathe’, sa hjit harren buorkerij nammentlik. En dy namme komt fansels ek werom yn de nammen fan de kij en de hynders.

Ik kom foar alle bisten wol by Nico en Froukje oer de flier. Mar dy bewuste sneintemoarn ha ik der net iens west. De merje koe ik ommers al net mear rêde, mar der moast wol wat barre mei Marijke, har fôle. By in fôle fan noch gjin wike âld is in oare merje sykje de koartste klap. ‘Omwenne’ is net altyd like maklik, mar soks kinne jo besykje. Der sneuvelt ek wolris in fôle en dan stiet der in mem mei fertriet en in fol jaar. Troch in spesjale ‘fôlesintrale’ kinne eigners mei soksoarte fan drama’s mei elkoar yn kontakt brocht wurde. Dat koe no net, want in fôle fan goed acht wike wol wier net mear by in oare merje drinke. Mar dy fôle kin ek noch net sûnder memmemolke. Sadwaande kaam ik mei in ynternetside mei winken op ’t aljemint. En in leveransier fan memmetatepoeier (ferfangende molkpoeier) dy’t harren sels op snein derfan foarsjen woe.

Sa ’n advys jaan is ienfâldich; mar in fôle út in amer drinken leare is dat minder. De earste dei wie it in kwestje fan wat yn ‘e amer omblabberje, mear net. In dei letter krige it bist wol safolle toarst dat it samar ynienen klear wie.

De wiken dernei krige de weesfôle neffens in fêst skema it drinken en  groeide as koal! Der is lykwols noch wol in hiel oar aspekt dat omtinken fertsjinnet en dat is it gedrach. Ompopkje mei in wees is net goed. It bist leart dan net it gewoane hyndergedrach oan. It leart gjin respekt foar minsken te hawwen en is der dus ek net benaud foar. Sa ‘n fôle wurdt klierich of optwingerich en is letter net mear te hântearjen. It alderbêste is in maat. Lokkich wie dy foar hânnen op Holwerda Sathe: Jente, in inter. Tegearre rinne se op ’t heden yn de foartún fan de pleats. En sy pakke prachtich mei mekoar om. Se komme mei harren beiden fuortdaliks oansetten at Froukje mei de amer om ‘e hoeke komt om Marijke te boarnen. In feest om nei te sjen! Sa is Holwerda Sathe no in goed weeshús wurden.

Froukje mei Jente en Marijke

Wêr’t Sibrecht oan stoarn is? Har hert hat it nei alle gedachten bejûn of sy hat in skuorke yn de aorta krigen en is dêrtroch deablet. Soks bart spitigernôch wol faker by Fryske hynders. It komt as in tongerslach út in kleare loft en is altiten in drama.

Dan noch efkes oer ús eigen eachweiding, ús machtich moaie útsicht. Net allinne wurde de buorlju âlder; de easken foar it biologysk buorkjen wurde ek oanskerpe: de kij meie bygelyks net mear op stâl oanbûn wurde. Sa wurdt harren it wurk sa goed as ûnmooglik makke. Hoelang Marijke, de oare hynders en de kij mei it byld bepale sille yn de greiden oan de súdkant fan Reduzum? De tiid sil it leare.

 

Froukje hâldt Imme Feike (L, de dekreu) en syn healsuske Odina Fardou (R) fêst en Nico de beide merjes Alefke (L) mei fôle Marije en Theuniske (R) mei Marrit. Alefke (2008) is in dochter fan Theuniske (1998), lyk as Jente, de inter. De kij hawwe der ek niget oan.

Wolle jo mear witte fan Nico en Froukje Hooghiemster fan Holwerda Sathe? Sjoch dan op harren eigen side!

Juny 2012

 

 

De slachrjemme op ‘e taart

In lyts kertier ear’t de wekker giet, rattelt de tillefoan. Jelle hat help nedich by keallerij fan in rier. Ik rek my út en bliuw noch eefkes op ‘e rêch lizzen oan’t myn oare helte oer myn búk strykt en my oantrunet dat ik der ôf moat. Gau strûp ik yn ‘e klean en strûs nei ûnderen ta.

Ûnderweis yn ‘e auto betink ik dat Jelle dat bist dochs net yn dy  bûtenstâl kealje litte sil mei dit ûnlijige waar? Wol dus, want Jelle troant my mei troch de tsjustere melkerij nei dy potstâl ûnder in selsmakke ôfdak. Hecht genôch, der net fan, mar it siicht der ûnhuerich op it stuit. “Ik tink net dat it keizersneed wurdt hear”, bêdet Jelle myn tinzen del, krekt as hie der dy lêzen. Ik lûk in lange plastikwant oan, himmelje it bunt fan it rier en sil de geboartewei yndûke. Dat slagget net samar; Jelle moat him goed te skoar sette tsjin it bist om har te plak te hâlden. Mei syn trijen wrakselje wy sa wat om en goed tsien minuten letter haw ik toutsjes om de poaten fan it keal en hingje Jelle en ik dêr tegearre oan. Der sit absolút gjin skot yn, want der is fierstente min romte. “Ik wol bêst wol snije, hear, mar hjir net.” Dat begrypt Jelle.

It rier hat nea earder in bine om hân, lit stean oan tou rûn. Ear’t wy mei it bist troch it donkere gat fan de melkerij yn ‘e lisboksstâl binne, is der al in kertier ferrûn. Dan bine wy oan de hoarnen in twadde lange loopline fan peal nei peal rjochting it foerpaad en buorkje sa meter foar meter nei it plak dêr ‘t wy hinne wolle. Jelle soalt in kear oer de roasterflier en ik knyp myn hân alderheislikst tusken de touwen. Wy foeterje al, mar flokke net. It rier rekket dan noch in kear los en fjouwert it foerpaad twa kear op en del. Nei trije kertier stiet it bist einliks sa ‘t wy it hawwe wolle en kin ik har skeare en waskje. Wy binne der dan lykwols noch net, want wylst ik de pleatslike ferdôving ynspuitsje sil, feecht it rier wyld om har hinne. Dan noch mar in prip jaan om har sleau te meitsjen. Út foarsoarch doch ik ek noch in hândoek oer har eagen om it bist it idee fan ‘nacht oer Java’ te jaan.

Yntusken is Mieke, de frou fan Jelle, mei twa pake- en beppesizzers foar it ljocht kaam. Mieke hânlanget altiten by keizersneed, mar woe de útfanhûzers net allinne yn ‘e hûs achter litte. De beide berntsjes hawwe in jaske oer harren nachtklean oan en observearje de hiele situaasje slûch en klomsk. Lokkich kinne se beide wol oer bloed en feroarje se net at ik it mes yn de lofter flank fan ‘e pasjint set.

Rillegau leit der in grouwe bolle op ‘e flier, sa helder as in bij. It hechtsjen fan it liif en de wûne nimt altyd in protte tiid, mar it rier stiet no as in peal, sadwaande kinne wy moai efkes prate. Mieke hat jimmer belangstelling foar jins famylje en sa en dan fljocht dat skoft om. Jelle wol it leafst mei melken begjinne, mar dat mei net fan my. Jo witte mar nea oft it bist wer it mâle fel oankriget, no? Ik wit net krekt mear hoe ‘t wy deroer yn petear rekken, mar doe kaam it ûnderwerp reynkarnaasje op it aljemint. As hokker bist soe Jelle werom komme wolle, frege ik him op de man ôf. “As bist?!?”, andere Jelle fûl.  “Ik wol as mins werom komme, en dan it leafste as wynboer. Wynboer yn Frankryk, fansels!” It blykt dat de santiger(!) eltse jûn twa glêzen reade wyn mei in protte smaak oer syn tonge nei binnen slabbert. Mieke knikt befêstigjend dat it wier is. Sa leare jo ris wa’t jo boeren binne wylst jo in wûne naaie.

It lêste eintsje fan it hûdhechtsjen kin ik allinnich wol oan. Jelle makket risselwaasjes om te melken en Mieke ferdynt mei de beide bern yn ‘e hûs. Oft ik aansten noch efkes yn ‘e hûs kom as ik klear bin, freget Mieke by de doar. Graach! Mieke har appeltaart is ferneamd by myn kollega’s en sels bin ik oan’t no ta noch net yn ‘e gelegenheid west om dy te priuwen…

As ik de koken ynstap rûk ik him al. Mieke hat alfêst in stik yn ‘e magnetron opwaarme. De beide bern boartsje ûnder de krystbeam en tsiere in bytsje. Mieke weeft der rap mei ôf. Oft ik ek slachrjemme derop ha wol. Graach, fansels. De kollega’s hawwe net oerdreaun, heite! Ûnder it genot fan it baksel prate wy noch in pypfol en dan set ik wer ôf. As ik by de melkerij Jelle noch eefkes goeie sizze sil, hear ik de man foeterjen en skellen op in ‘akelige rotko’. It liket my wiis Jelle gewurde te litten. Mar ik hie it al lang en goed witten at ik Jelle west hie: ik hie tsien jier lyn de hiele brot ferkocht en in spultsje yn Frankryk oanskaft. Mei in âld wyngert derby. Wachtsje op dy reynkarnaasje, ik tocht it net!

As ik myn eagen iepen doch hear ik yn ‘e fierte de klok lieden. It is krystmoarn, earste krystdei. Ik slikje mysels om ‘e mûle, mar priuw gjin slachrjemme. Dat ha’k dreamd. En dy keizersneed wie fan ‘t hjerst. En Mieke wie troch har appeltaart hinne doe ‘t ik dêr wie, wit ik noch. Ik draai my nei myn oare helte ta en lis hoeden myn ear op har hert, wylst ik har in bytsje ûndogens tyskje. Ik fernim dat sy ek al wekker is.

Desimber 2011

Diggelguod

L’histoire se répète, sa’t de Frânsen sizze. Skrassen op jins siel kinne jo net weipoetse en diggelguod dat stikken is, kinne jo better fuortdonderje. Dogge jo dat net dan kin soks foer foar psychologen wurde of in ‘skibbich’ ferhaal opsmite.

It is glûpende kâld earne midden yn ‘e winter yn ‘e oarlochsjierren fan de foarige ieu. Nel fûn in súterich katsje samar midden op strjitte. It skarminkeltsje streake de lytse faam nuet om ‘e beklomme skonken en mauke tsjin har. Nel helle de lapkespoes oan en naam har mei nei hûs. Se tôge mei it bist op ‘e earm de hege stoepe fan it doktershûs op en rûn de gong troch, sa de opkeamer yn. Ferheard kaam mem har temjitte mei harren hûn op ‘e hakken. Mem koe har dochter sa gau net in útbrânder jaan oer de smoarge skuon of de stabij stode al heal ûnder har rok troch op lytse Nel ta. Poes skrok har it rambam! Se skeat by Nel oer it skouder en fleach mei in sturt as in tuorrebout ta de keamer yn. Bijke stode deun achter har oan. De kat koe sa hurd net yn ‘e gerdinen strûpe en rûtste doe mar ûnder de porsleinkast. De hûn dûkte mei syn kop ek ûnder dy kast. Hy koe poes krekt net rikke en sloech syn sturt wakker hinne en wer. Mem en Nel hearden de kat fûleinich blazen en noch gjin twa tellen letter kaam Bijke mei in gjalp wer ûnder de kast wei. Út in skras oer syn noas sipelen grutte drippen bloed. Doe begûn Bijke âlderheisliks te blaffen. It naaide der sa út, dat Nel har hantsjes foar de earen sloech. Mem besocht de hûn te pakken te krijen mar se stroffele oer it bist en rekke yn ûnmacht langút oer de flier. Sy koe oars neat mear útbringe as boaze en loaze kreten.

Ynienen sette poes it wer op in rinnen. Se sloech har neils yn de learen stoel, fleach op it bekling en sprong doe sa streekrjocht boppe op de porsleinkast. Dêr stiene trije Delftsblauwe kommen op. De meast rjochtse fan it trio wankele efkes en trûdele doe yn in pirûette nei ûnderen. Op in hier nei miste de kom Bijke syn kop en sloech oan barrels op ‘e parketflier. Dat makke de hûn noch fûleiniger! Hy dûnse mei in kabaal om ‘e kast hinne dat it in aard hie. Op dat stuit fleach de keamerdoar wer iepen. It wie heit yn syn wite jas. Syn gesicht stie op ûnwaar. De man wie fanút de drokte fan syn sprekoere op it leven ôfkaam. Hy seach Nel stean mei de eagen stiifticht en har hantsjes stiif foar de earen. Hy eage it slachfield oer en sei gjin wurd. Pakte in stoel, sette dy njonken de porsleinkast en stapte dêrop. Grypte sûnder pardon de kat yn ‘t nekfel en wâde de gong troch mei Bijke blaffend efter him oan. Hy swaaide de foardoar iepen, pakte Bijke by syn halsbân en soalde de kat it paad op.  Bijke smoarde hast mar heit hold him stevich fêst. Poes stuitere rolleboljend oer de klinkers fan it foardoorpaad, fleach it brechje oer en stode sa de dyk op. Flak foar in frachtauto. Yn in sucht wie se sa plat as in dûbeltsje. En Nel wie krekt op ‘e tiid by de doar om it fatale momint op har netflues te fangen…

It hat wol trije dagen duorre ear’t de opskuor yn it doktershûs wer wat delbêde wie. De lytse faam wie net te treasten. Har âldere suster hie kâns sjoen om de gruzeleminten fan it ierdewurk byinoar te swyljen en wie begûn de diggels skibke foar skibke te lymjen. In heikerwei.

De skram op ‘e noas fan Bijke wie it earste dat wer hiele wie. Rom twa wike letter wie sa goed en sa kwea at it koe it ierdewurk ek wer lime. Alline fan tichteby koene jo de lymnaadsjes sjen. De skrassen op ‘e siel fan it lyts fanke hiene lykwols gâns mear tiid nedich om te hieljen.

Goed 65 jier letter. It is midden yn ‘e simmer en it is smoarhyt. Thea is krekt tachtig jier wurden. It is wol hiel stil yn ‘e hûs no‘t har kat dea is. Har skoandochter troaide har dêrom mei om in oarenien op te heljen. Dat waard Niak, in swartbûnte kastraat. In werpleatser via Stifting SOS.

Niak moast lykwols wakker omstean leare. De hiele earste dei hat er him ferstoppe efter de tillevizjekast. Mar stadichoan waard hy frijer en rekke hy wend oan Thea en sy oan him. Op ien fan syn sneuptochten troch de wente foel syn each op in erfstik: de porsleinkast. It útsicht fan dy kast ôf oer de keamer moat fantastysk wêze, tocht er. Thea seach him sjen, begrypte wat er yn’t sin hie doe’t er op it bekling fan de learen fauteuil wipte. Sy joech in gjalp wylst er de sprong weage. Faaks dêrtroch rekke Niak justjes de fierste fan de trije Delfts blauwe kommen dy’t de kroan fan de kast siere. De kom makke in healslach, like te wifeljen en mitere doe nei ûnderen. Nettsjinsteande it sachte tapyt foel er yn wol hûndert diggels. Wakker deselde diggels as doedestiids. Yndie, it wie dyselde kom dy’t Thea sels lime hie. De foaroarlochske lym hat ik net hâlden…

Wol trije moanne lei de brot op in blêd yn ‘e erker. Niak seach der sa no en dan beroufol efkes by, mar it slagge Thea net nochris om mei moderne superlym út de skibben in kom waakse te litten. “Smyt dy rommel dochs fuort, Mem”, sei ik, “It is ommers mar dea guod.” Mar fansels begriep ik ek wol dat der doe in stikje skiednis yn ‘e kontener ferdwûn.

En Niak? Hy mocht ek net âld wurde. Hy kaam de ôfrûne winter op in nacht net mear thús. It wie noch mar krekt begûn te friezen. Faaks hat hy net witten dat jo dan net oer ien nacht iis gean moatte… Mem mist har kat. Inkeld in foto en neitinzen bliuwe oer. Dy wurde dan ek tige kuozze.

Augustus 2011

Aprillerij yn ‘e Multykultyklup

We sitte midden yn ‘e lammefangerstiid. Altyd wer hartstikkene moai mar drok. Lykwols is myn bistedoktersbestean blykber noch net bannich genôch om’t ik sels ek nochris sa noadich skieppeboer wêze wol. Dat jout ferdivedaasje by de fleet. Foaral by de swarte skiep yn de meast blanke Tekselske famylje want mei-inoar foarmje sy in moaie multykultyklup.

Yn de keppel fan goed tweintich skiep rinne der by ús efter yn ‘t lân trije swarte. Stammem fan dat stel is Betty, in nuete swartblês. Jierren ferlyn al folslein ynboargere. Sûnt sy har entree makke, rint se altyd foarop. At sy oer de daam komt, komt de rest ek wol. Maklik foar de boer. Betty is net de jongste mear en sit yn in soarte fan oergong. Gewoanwei geane skiep dan nei de merk, mar Betty net. Sy is bysûnder. Se mei âld wurde oan de Ayttawei en dêr stjerre.

Betty hat twa neikomlingen yn ús keppeltsje. De iene hjit fan Lytse Betty, mar wurdt ek wol Betty 2 neamd. Lyk as har mem in rassuver swartblês en nóch nueter. Doe’t se ferline jier foar ‘t earst lamme, hie se de famylje te fiter op 1 april. Se wie noch net thús helle, want se wie pas de fjirde fan de aprilmoanne útrekkene. Mar se rekke earder yn ’e fleagen en lamme pardoes  yn ‘t lân. Lokkich rêde se harsels. Se brocht in helder twillinkje.

Dit jier hie se just krekt op 1 april de tiid en wer hold se de skieppeboer foar ‘t lapke. No mei falske weeën. Dyselde jûns lei se wer lekker te wjerkôgjen…

Pas op 3 april wie it dan echt safier. Dy moarns wie se net roppich op de biks en efkes nei tolven hong der in grutte wetterblaas ûnder de sturt. Gau waard se yn ‘t hok dreaun en al rillegau dêrnei kaam der in snútsje foar ‘t ljocht. Soan Jetse fong it earste laam, syn heit helle de twadde efterstefoaren. Beide binne it eilamkes. Beppe Betty is yn elts gefal wakker grutsk! Mem fansels ek. En Jetse tinkt: faaks sit der no wer in Betty 3 by?

De oare dochter fan de âlde Betty hjit fan Blacky. In folweardige bastert en fierwei de grutste fan de hiele skiepebinde. Eartiids wie se hielendal swart, no is se moai griis. Se brocht al earder twa kear twa wite lammen, mar dit jier wie se grouwer as ea. Dochs rûn sy, lyk as har healsuster, ek oer tiid. De hiele dei hie se har ôfsûndere ear ‘t har lammerij dy jûns útein sette. Ienris yn it kreamhok kaam der earst in hurdgiel laam. Dat bart wol faker; dat binne neffens skieppeboeren de sterkste! Nûmer twa wie swierder en moast ik in bytsje helpe. Dizze wie sniewyt, mar ek tige helder. Yn de ûnderstelling dat der no wol net mear komme soene, fielde ik foar de wissichheid noch ien kear yn ‘t skiep. Hiel fier fuort rekke ik, ferdraaid noch en ta, dochs noch in poatsje. In toutsje moast útkomst bringe. Doe kaam der in prachtich swartbleske foar ‘t ljocht. In trijeling! It kleurrike stel waard foar harren mem dellein. Wa is der bang foar White, Yellow and Black? Blacky yn elts gefal seker net! Sûnder ûnderskied slikke sy alle trije om bar skjin en droech. Altyd wer in machtich moai gesicht.  Net folle letter rûn it trijetal al wakker nei it memmejaar te longerjen. Seker net minder moai!

Wat soks oanbelanget kin Wylde Geart noch in bulte leare fan dy smeltkroes fan ús multykulty feestapeltsje. Akseptaasje, yntegraasje en in protte ferdivedaasje sûnder ûnderskied. Al moat ik wol earlik tajaan dat as in laam ienris goed en wol oannaam is, it dan net besykje moat om efkes it jaar te priuwen fan in oare mem. Dy feecht meastentiids om har hinne dat it net moai mear is. Dan binne skiep ek al wer net folle better as Wylde Geart… Mar hawar, in kommune hoecht it no ek wer net te wurden, no? Moat der net oan tinke!

Blacky, mear griis as swart, mei har kleurrike trijeling: White, Yellow and Black.

April 2010

De olfert fan de bistebuorkerij

Op in pleats hjir flakby wennen noch net iens sa hiel lang ferlyn in boer mei syn frou, in hûn, in stikmannich kij en in keppel skiep. It wie maitiid en de lammerij wie hast dien. De skuorre siet grôtfol mei heech- en leechtoanich bletterjend fee. Der wie noch mar ien touke dat lamje moast.

 

Op in pleats fier oer de grins barde it in heale ieu ferlyn dat bargen de macht oernamen fan de boer. Mei stipe fan boppe al … de skiep. Skiep wiene altiten al meigeand bistefolk. Ommers, at der mar ien oer de daam is… Mar se hawwe byleard! Hjoed-de-dei is dat net mear sa. Se doarre foar harren sels op te kommen en hawwe leard har eigen gong te gean. Op dy pleats, hjir yn ús omkriten, hiene se útfûgele hoe’t se it bêste mei de boer oan moasten. Dy boer wie sa goed as in pûde moal, mar ferlosse koe er beslist net. Meastentiids wie der gjin help nedich, mar at it der om spande, waard it skiep op in pak strie útbûn, sjippe de bêste man syn hân oant en mei de earmtakke yn en raamde dan alderûnhuerichst mei syn grutte klau yn it skiep om, dat it gjin aard hie. Sa hat er him oan mennich skiepke fergrepen. Meastal waarden de bisten skeind foar it libben en faaks rekken de lamkes ek noch dea. En at de boer it hielendal net rêde koe, rôp er de feedokter der by. Dy hie him al faak genôch sein dat er earder skilje moast. Der wie foar him dochs ommers gjin ear mear te heljen at alles al ûnder it bloed siet?

 

De skiep hiene dêr ek goed har nocht fan. Dyjinge dy’t lamje moast, hold har de bek. It slagge harren dan sels om te wjerkôgjen at de boer it hok oerseach. En as it der wier om spande, soargen oare skiep derfoar dat de boer ôflaat waard. Lizzend parsje diene se net earder as dat it laam hielendal goed yn ‘e slúting lei. Sadwaande gie it meastentiids goed. Boppedat hie de boer mei skea en skande ek leard. Hy rôp yndie earder de help yn fan de feedokter.

 

No wie der op dit stuit noch ien sa ‘n skytwiis touke dat lamje moast. Al in heale moarn toarke en blêrde se om. Dan wer stean, dan wer lizze. Fan alle kanten wiisden de âldere skiep har terjochte, se moast har net sa oanstelle. Mar alhoewol’t se wist dat alle skiep gelyk hearre te wêzen, wie sy lykwols fan betinken dat guon mear gelyk binne as oaren. En sy wie no sa fier. Sy moast lamje en de hiele wrâld mocht dat witte! Alle warskôgings sloech se yn ‘e wyn. It wurke dwersferkeard want de hiele skuorre rekke oerstjoer. It alderheislikste kabaal miste syn útwurking net. “Dêr hast it gedonder al”, blettere in âlder skiepke doe ‘t de boer om ‘e hoeke kaam.

Ienris op it pak strie bedarre, raasde ‘Skytwiis’ alles bymekoar. En spinfuotsje dat se die! De boer hie hâlden en kearen. “Belje mar gau de fee-arts”, sei er tsjin syn wiif.

It duorre in lytse tweintich minuten, doe kaam der in auto it hiem opriden. De feedokter trof de boerinne yn de skuorre; har man siet frustrearre yn ‘e foarein. Alle skiep wiene stil, allinne in lyts lamke mekkere om har mem. Skytwiis waard yn ‘e hoeke fan it hok dreaun en foarsichtich ûnderút helle. Har laam lei ûnderwilens goed yn ‘e slúting en de fee-arts hoegde allinne mar de beide foarpoatsjes te strekken. Mei de earste de bêste parswee floepte it lamke efter it touke. De dokter lei it foar har memke del en Skytwiis begûn it daliks ôf te lebberjen. Sûnder protesten liet it bist fielle oft der noch ien yn siet. Dat wie net it gefal.

 

“Sis no mar net tsjin jo man dat it sa maklik gong”, sloech de fee-arts de boerinne foar. No, dat hie er likegoed tsjin de bline brânmuorre sizze kinnen. Want doe ‘t de boer foar it ljocht kaam, smiet syn wiif him gelyk foar de fuotten: “Do grutte olfert, dysto der bist! It wie samar klear! De fee-arts hie der gjin wurk fan!” De krinking koe net grutter. De man draaide him om en slofke suver mei syn noas op grûn it hûs wer yn……

It jier derop wiene alle skiep fuort. En Skytwiis? Hat noch wol acht kear earne oars lamme en dat gie acht kear sûnder mankearen en sûnder ienige help.

April 2009

Lolke Kalsbeek, fiifentritich jier feedokter

Hoe yn ‘e goedichheid kinne jo it libbenspaad fan in feedokter gearfetsje yn ien ferhaal? Dat bestiet hielendal net! Heechút binne der in pear krinten út de brij te fandeljen. Hokker krinten dan? 

It begûn goed 35 jier lyn mei tongblierspuitsjen yn dizze omkriten. Noch mar krekt it rydbewiis en noch gjin ûnderfining fan ús fak. Beide hat Lolke lykwols yn de rin fan ‘e jierren goed yn ‘e fingers krigen. It fakmanskip fan feedokter sels poerbêst; it autoriden koe somtiden noch wol wat better. At er breinroer hastich is, parkeart er syn wein bygelyks samar by Bouke yn ‘e brijkarre!

Lolke, hikke en tein yn it Grouster Leechlân, kaam hjir nei de stúdzje werom as frijgesel. De keallefokclub en de Redúster merke brochten Jantsje by him; trije sûne bern foelen harren ta. Der sitte gjin opfolgers by. Dat hie it neiteam gau besjoen: it feedoktersbestean is drok. Lolke is teminsten altyd en ivich drok mei ‘de praktyk’. Syn wurk is syn hobby.

Hoe ‘t er yn ‘e omgong is? Hy is goed mei kij, hat er ek ferstân fan. Kin ek bêst mei de measte boeren. De kollega’s? It is mei in maatskip krektlyk as yn in houlik. At der noait argewaasje wêze soe, binne der sufferts yn ‘t spul. En it lytsfee dan? Al hoe ‘t er syn bêst ek docht, it sprekoere is gjin pree foar him. Hûnen en katten, hawar. Mar rap hie er de doaze wer ticht doe ‘t der net in knyn of in marmot út kaam mar in echte slang! “Dy moasto mar dwaan”, seit er dan. Leaver hat er in túnslang yn ‘e hannen of pielt er yn syn frije tiid wat by de sitkûle om.

Ljipaaisykjen is syn grutste passy. Der moat sels syn wurk bytiden foar wike. It sil dreech wurde at er him yn ‘e takomst beheine moat ta de neisoarch allinne.

Krityske noaten hâldt Lolke net sa fan. Wol om se sels te kreakjen, mar net om se te ûndergean. Doe’ t bygelyks in kear it bloedtaapjen út de sturt by in ko net sa goed slagge sei de boer: “It liket wol akupunktuer!” Fuort wie Lolke, en dy boer hat him dy deis nea wer sjoen…

Syn lingte frustrearret him ek wol ris wat. By grutte kij moat in batte, in pak strie of in hiel kninehok, sa giet it ferhaal, wolris útkomst biede om him op hichte te bringen. Meastentiid lykwols kompensearret er mei kennis en kunde en foaral mei de mûle. Dat wurdt wer wat dreger foar in grutter publyk. Dochs wie it op ús boerejûn yn Poppenwier wer fermaaklik at er syn ferhaal docht mei in Simmer 2000-ko op it toaniel, dy’t yn alderhande posysjes maneuvrearre wurdt om ynjeksjetechniken sjen te litten. En al hielendal at er dernei mei in hylaryske utering komt oer it televyzjeprogramma ‘Spuiten en slikken’. Der wie in wrâld en noch wol folle mear foar him iepen gongen, dêr ‘t er sels net iens mei Jantsje oer doarde te praten.

It is foar syn kompanjons wol ris dreech Lolke te folgjen. Wie er doedestiids de grutte promotor fan it rôljen en stekken fan in ko mei in lêbmageferdraaiïng, sûnt er sels ek ris in ko dea hie nei sa‘n aksje, mei dat tsjintwurdich net mear. Of it moat wêze…. en dan belânje wy yn de lytse letterkes fan Lolke syn betingsten. Dat lêbmagestekken fan him is oars in ûnneifolgber ritueel. Fral syn mimyk! Earst al by it hanwaskjen mar letter ek seker net minder by dat eksplosive stekken. Freegje de boeren mar nei.

Lolke mei graach op ‘e hichte bliuwe. Hy hat him bytiden al opjûn foar in kursus, foardat de oare trije maten fan it bestean witte. Dat kostet him soms sels in auto. Op Papendal rekke er syn praktykwein kwyt. Mei de hiele mikmak deryn fansels. Eins ek noch in gelok by in ûngemak. Koe er alles ris hielendal nij oanskaffe.

Mear krinten? Dy binne der by ‘t soad. Mar ik wol my noch ta ien beheine. Tsjintwurdich hawwe in protte boeren de badkeamer útwreide oant yn de skuorre. Dy sit dan faaks by de achterdoar. Sa kaam hy ris yn it foarporteal om ‘folk’ te roppen, kaam der net krekt de boerinne ûnder de dûs wei stappen? Lokkich hie se al in broekje oan, mar mear ek net! Wat Lolke doe sein hat kin ik allinne mar riede. Wol wat er seit at er dat ferhaal wer ris docht; “Godtomme! En se die net iens in handoek foar!”

Op 2 maart is Lolke Kalsbeek sechtich jier wurden. Al 35 jier in besiele bistedokter. Dei en nacht foar hûndert persint ree stean foar de boeren en harren fee. It leafst soe er noch wol 35 jier trochgean wolle…

Maart 2009

Bûsjild

Koartlyn moast ik sels op ‘e snijbank. My waard deselde ridel ôfdraaid dy’t ik ek altyd doch at ik mei eigners in operaasje-ôfspraak meitsje foar harren bist. Ik mocht de jûns derfoar nei achten net mear ite en dyselde deis ek gjin drinken mear nimme.

 

Moarns om acht oere moast ik my melde by de opnamebaly fan de polyklinyk en ‘k soe dan al rillegau holpen wurde. Ik waard troch myn frou nei ‘t sikehûs brocht om’t it net hielendal wis wie oft ik dy middeis sels wol wer thús komme koe mei de auto.

Nei in koart skoftke yn ‘e wachtkeamer waard ik oproppen. Ik moast my yn in lyts keamerke hielendal útklaaie en krige dêr in fierstente koart steryl operaasjehesje oan. Dernei helle in sjarmante suster my de tariedingsromte yn en waard ik op in heech bêd dirigearre. Efkes letter kaam ik mei de sjirurch yn ‘e kunde. Hy harke út ‘e flecht wei nei myn hert en longen en joech dernei de narkotiseur it konsynje om my in spuit yn ‘e kont te jaan.

Wylst in soarte fan wurgens my al gau oerfoel, ferkundige de ferpleechster my alfêst fjirder ree te meitsjen. Sy begûn sekuer myn spultsje te plôkjen as wie se in krielhin oant slachtsjen. Har epilearjen die my alderûnhuerichste sear. En ik lei dêr al sa nuver neaken en bleat foar de suster! Alhoewol ‘t ik net hielendal mear by sûpe en stút wie, koe ik noch krekt oan har freegje oft skeare net better wie. “Nee, dit giet folle makliker”,  fûn se. Dernei pakte sy in flesse spiritus en in dot watten en begûn rij myn skroatum te ûntsmetten. Ik huvere oant yn myn lytse teanen. Itselde ritueel werhelle him mei joadium. Doe waard ik nei de OK riden en dêr kaam de sjirurch wer op it aljemint, wapene mei in skalpel. Gewoan yn spikerbroek! En net iens sterile wanten oan, gjin mûlekapke foar of mûtse op. Hy miende dat ik al hielendal ûnder seil wie en kundige monter oan dat hy ‘dit skiep wol eventsjes waskje soe’, en ik bin der sa goed as wis fan dat er sei dat er dit hearskip fan syn ‘bûsjild’ ôfhelpe woe.

Dêrnei gie it dat it slydjage. Hy pakte myn iene kloat tusken tomme en wiisfinger, snie myn sek oer de bal hinne yn en knypte de hiele testikel troch it gat nei bûten ta. Doe splitste er it siedstring fan ‘t bloedfet en knope die twa oan mekoar. Op it momint dat hy it mes wer pakte om de helte fan myn genetyske foarrie derôf te fykjen, joech ik in gjalp dy ‘t eltsenien yn  ‘e OK troch ieren en sinen gong. Wie er no hielendal besoademitere?!? Myn rie te’n ein seach ik rjocht yn de synyske eagen fan dy spytgnyskjende ‘sjirurch’.

 

Dweiltrochwiet fan ‘t swit waard ik wekker yn ‘e útsliepseal. Ferstuivere frege de pasjint dy ‘t neist my lei wat my yn ‘e goedichheid mankearde. Ik grypte nei myn krús. Fansels foel my in stien fan it hert doe ‘t it hiele spul der noch like te sitten, mar ‘t wie krekt oft ik in oar yn ‘t krús taaste. Wat de lokaasje oanbelange moast dy swaffel wol by my heare, mar ik fielde it net! Ûnderwilens kaam de suster ek ferheard oandraven. ‘Och, in alderheislikst aaklike dream’, of sokssawat moat ik andere hawwe. Ik die myn eagen wer ticht en ynienen foel alles op syn plak. Ik hie krekt in ‘kijkoperaasje’ oan myn knibbel ûndergien. Rêchprik hân en it hiele barren op it skerm folgje kind. No lei ik by te kommen en sûnder mis wie ik eefkes yn ‘e slom rekke.

De fearten yn it lân fan de dreamen binne wier net te bedjipjen. Al prakkesearjend realisearre ik my dat dy operateur yn myn boaze slomkemerje alles presys sa die sa ‘t ik sels in boarre kastrear. Sels alle tariedings wiene krektlyk. Mar ik wit ynienen wer hiel klear: sterilisaasje? Noait ien krolhier yn myn skamte dy ‘t deroer prakketinkt, ik fertrou dy snijhearen foar gjin sint!

 

Sûnt dy tiid krij ik nuveraardige assosjaasjes at ús jonges om har bûsjild freegje. Dat begripe se net. Ja letter miskien, as harren dit skriuwen ûnder eagen komt. Noflike bykomstichheid foar de boarren út dizze omkriten is dat ik my sûnt dat penibele momint foarnommen haw se net earder te ûntmanjen foar’t ik seker wit dat se hielendal neat mear fiele.

Bistedokter midden yn it hert fan Fryslân

Jannewaris 2009

Lyts Mystearje

De technyk stiet net stil. Likernôch alles wat by minsken kin, kin in pear jier letter by bisten ek. Jo kinne it sa mâl net betinke. Ortopedyske operaasjes, transplantaasjes, gentechnology en wat al net mear, de wittenskip soarget dat de bistedokterspraktyk by de tiid bliuwt. Salang it de maatskippij ekonomysk foar de wyn giet, kinne en wolle de baaskes it foar harren bisten wol bekostigje. Ek medyske attributen sjocht men hieltyd mear yn de bistewrâld. Bygelyks (sinne-) brillen binne der al lang foar de hûn; it gehoarapparaat liket dêrfoaroer noch takomstmuzyk. Of is dat ek al yn gebrûk?

Wat wiene dy earkes fan dy earme Truus smoarch! De kat hie ferskuorrende jokte en de gehoargonkjes sieten grôtfol mei swarte earfet. Myt wie myn konklúzje. De mikroskoop befêstige dat. In grut oantal wrimeljende koartpoatige lytse spintsjes kamen my foar ‘t fizier. Ik mei dat ek graach efkes de eigner sjen litte. Faaks griist dy derfan. Dan is de kâns grutter dat de krupsje ek goed neibehannele wurdt. De krigele beppe dêr’t Truus by hearde, bearde fuortdaliks dat se no wol leauwe woe wêrom ‘t de kat sa min lústere. Dy earen sieten ommers smoarfol!

Ik waard warskôge dat Truus as asylkat ien wie mei in gebrûksoanwizing. Sy koe samar it mâle fel oankrije at it har net sinde. Mar oan ’t  dat momint hie se mûsstil op de behanneltafel sitten en liet se alles deemoedich oer har hinne komme.

Wylst ik, ûnder súntsjes protest fan Truus, hoeden begûn te himmeljen, bûgde it minske in bytsje tichter nei my ta en flústere oft se my wol wat nuvers freegje mocht. Fansels, altyd. ‘Ik bin al in pear wiken myn gehoarapparaat kwyt’, sei de frou. ‘Ik wit hiel seker dat ik it midden op ‘e tafel dellein hie, en ynienen wie it fuort.’ Har eagen waarden grutter en seagen my freegjend oan: ‘Soe it wêze kinne dat dy kat fan my it opiten hat?’ ‘No, eh, ja, katten binne sinnige iters, mar eh……hoe grut is dat ding eins?’, andere ik. Se joech mei tomme en wiisfinger oan hoe lyts wol net: ‘It is in ding fan neat.’ Ik tocht fan net, mar ik woe it ek net útslúte: ‘Wat deryn giet komt der faak ek wer út.’ ‘Man, ik haw al trije wike de kattebak hieltyd wer útplúze!’, kaam der fûl út.

Ik smiet it doe oer in oare boech: ‘Ik tink dat de kat mei syn smoarge earen sa min hearde, dat er tocht dat hy jo gehoarapparaat wol brûke koe, doe’t er it op ‘e tafel lizzen seach. Mar hy wist fansels net rjocht hoe’t er dat ha soe. Doe hat er it mar opfretten. No sit it as in ynplantaatsje earne yn syn mage of sa en hy heart no likernôch alles wer, tink ik.’

It âld minske seach my oan en begûn te laitsjen: ‘No hawwe jo my te fiter!’

Noch hieltyd liet Truus alles gewurde. Mar doe‘t ik mei it lêste túbke earsalve oansetten kaam, wie de maat fol. Sy fleach my ynienen suver oan en myn kollega moast byspringe om de behanneling ôf te meitsjen.

Twa wike letter kaam Truus foar kontrôle op it sprekoere. Har earkes wiene in stik better en krigen in lêste neibehanneling. Gau treaunen wy poes wer yn ‘e tas om in nije útspatting foar te wêzen. Ik frege oft it lytse mystearje fan it gehoarapparaat ûnderwilens oplost wie. Dat wie spitigernôch net it gefal, liet har bazinne my witte. ‘Mar jo hoege net sa lûd mear tsjin my te razen, want ik haw al in nijenien kocht en kin no wer poerbêst hearre.’

Maaie 2008

Neiskaaie

In pear jier ferlyn waard ik op in waarme midsimmerdei roppen by in kealderij. In rier wie oan ‘t fersmiten, it kealtsje wie al dea en der wie net al te folle romte yn ’t bunt. Net echt in fris putsje yn de hjitte fan dy dei. Ik haw altyd lange plastykwanten oan om mysels te beskermjen yn soksoarte sitewaasjes. De boer stie de sturt fan it rier te hâlden en wy wiene noch yn de lisboks doe’t Klaas om ‘e hoeke kaam. Klaas is it âldste soantsje fan de boer en hat syn mûle op it goeie plak sitten. Hy stelde himsels oan my foar mei: “ik kin it hurdste drave fan de hiele klasse”. No, dat fernuvere my neat, want syn heit kin ek wakker hurd rinne. Soks skaait faaks nei. Ik mei graach efkes hûntheie en fuorre Klaas in bytsje. Syn heit gniisde der om. Mar myn oandacht hearde by de ko te wêzen, ek al wie it keal al dea. Ik besleat om mei it hiele spul nei bûten te gean yn ‘e greide njonken de pleats. Dan koene wy it bist dellizze en sels ek skjin sitte. Ik soe it wol net droech hâlde mei alline wanten oan en dêrom luts ik de boppeklean út. Klaas beseach my en begûn ôfwaaid praat oer ‘titsjes’. Dat kaam him op in skrobbearring fan syn heit te stean.

Doe sette it hiele spul nei bûten ta. Wy leine mei in lang tou it rier op har rjochter side del midden yn it lange gers en ik begûn it bunt wat op te rekken mei hannen fol glydmiddel. Dernei die ik toutsjes oan de foarpoaten fan it deade keal mei ferloshoutsjes oan it ein en begûnen de boer en ik stadichoan te lûken. Wy leine langút achter it rier en it swit rûn ús by de holle del. Klaas hie him efkes stil holden mar seach de swierrichheid fan dit gefal. Hy krige ek troch dat it keal net mear libbe en frege wêrom it dea gongen wie. Ik lei mei in fjoerreade holle fan de ynspanning út dat it rier fierstente gau oan ’t kealjen wie. Doe waard er suver lulk: “wêrom lûke jimme der dan oan; bliuw der dochs ôf!” , wie syn konklúzje. Ik koe prate wat ik woe, ik krige it Klaas net foar it ferstân dat it wier net oars koe. Hy draaide him om en sette ôf nei de pleats, dravend, sa ‘t hy altyd wend is.

Mei in protte muoite krigen wy it deade kealtsje der ôf. Wy wiene dweiltrochwiet fan ‘t swit en it rier wie ek út ‘e liken. Wy brochten har in pear amers fol wetter en dat die har goed. Doe sels wat opknappe ûnder de kâlde kraan, súver noflik. Ik joech de boer wat medisinen foar neibehanneling fan de ko en luts noch in bloedmûnster foar de sûnenstsjinst foar bisten. Ik sammele myn attributen en woe ôfsette. Achter op it hiem seach ik Klaas op ‘e skelter. Hy wie de alteraasje al wer fergetten, sa like it. Hy wie drok dwaande syn suske te narjen en dy raasde omraak. Soks wie ik net wend fan Klaas syn heit. Dat is in tige ynnimmend en noflik persoan en sil noch gjin mich kwea dwaan. No wie Klaas syn pake wol ris wat dreech, sa wist ik út ferhalen. En neffens myn eigen skoanheit skine minne eigenskippen faaks in generaasje oer te slaan en sa dochs noch nei te skaaien. En de froulike line lit ik dan no foar it gemak mar hielendal efkes bûten beskôging.

Juny 2007

Neiberjocht: de oersetting yn it Nederlâns kinne jo fine op dizze side ûnder de namme ‘Overerven’.

Alle dagen dieredei

‘Henkie, Hèèèènkie, kom dan by de frou’, rôp Anneke ûnder de beam skean tsjinoer ús praktyk yn Grou. Har stim sloech suver oer. Anneke is boerinne. Neist in keppel kij binne der op ‘e pleats katten, in herdershûn en in parkyt. Like maklik as Anneke yn ‘e melkstâl stiet te melken, komt sy mei ien fan har bisten by ús op it sprekoere. In echte bistefreon, by wa’t it eltse dei dieredei is. Dit kear soe Anneke wer nei’t sprekoere, mar de pasjint ûntkaam har. Henkie siet yn syn koai yn ‘e kofferbak fan ‘e auto. It doarke fan ‘e koai wie net goed beskoattele, dat de parkyt fleach by it iependwaan fan de klep linea recta boppe yn ‘e beam. Henkie seach it swurk driuwen en kaam net. De wurklju fan it bedriuw oan de oare kant fan de dyk skuorden harren de bûsen út en begûnen Anneke nei te bauwen: ‘Henkie, kom dan jong, kom út dy beam wei!’. It tafal woe nammentlik dat ien fan dy mannen ek Henkie hjitte. Anneke waard der suver nitelich fan: ‘Stean dêr net sa stom te gnizen, helje leaver in ljedder foar my!’

Op datselde stuit wie ik drok dwaande mei it sprekoere. By ús yn ‘e praktyk is it ek dei út, dei yn dieredei. Wêrom soene wy op fjouwer oktober mear ús bêst dwaan moatte as oare dagen? Sels hawwe wy thús ek bisten dy’t alle dagen oant yn ‘e grûn bedoarn wurde. Dêr hoege se allinne mar leaf foar te wêzen! Dieredei is lykas heite- en memmedei ommers foaral in kommersjele útwaaks.

It bart wol ris faker dat bisten útnaaie. Se bedarje dan úteinlik faak yn in asyl. En sa belânje wy op it mêd dêr’t dieredei by útstek op syn plak is! Al hoe fantastysk de fûnlingen dêr harren gerak ek krije, it is pas echt feest as se troch immen ophelle wurde. Der kin op fjouwer oktober noait te min omtinken jûn wurde oan de bisten yn it diere-asyl. Wie it dêr mar alle dagen dieredei!

Wêr’t Henkie bedarre is? Ik haw net sjoen hoe’t Anneke it foarelkoar krigen hat, mar it is har mei de ljedder al slagge him te fangen! Hja hat my by de behanneling fan Henkie’s kalksnaffel har ferslach dien en se hie sels wakker wille om it foarfal. Koartlyn wie Anneke der wer. No mei de herdershûn, in boerehûn sûnder line fansels. ‘Tink der om dat se net útnaait!’, warskôge ik har. ‘Lokkich kin sy net fleane’, lake Anneke.

Oktober 2004 (F-side fan de Ljouwerter Krante)

Nuvere betinksels

Yn gedachten sjoch ik ús haadmaster Piter jûns let syn frou by in slokje op ‘e hichte bringen fan wat der op ‘e gearkomste fan de âlderried bard wie. “Moatst no dochs ris hearre!” Ik hear it him sizzen. Wat it gefal wie? Ik hie dy middeis in putsje by de ein hân, wêrby ik ynienen in nuvere assosjaasje krige. Ik moast tinke oan dat reklamespotsje (‘even Apeldoorn bellen’) oer presidint Clinton en dy man mei dy voodoo-pop yn dat museum. Dyselde jûns skeat my dat ûnder de gearkomste wer yn ’t sin. Ik koe it net litte om fan master Piter yn ‘e rûnfraach te fernimmen hoe’t it mei him gong. Earder op ‘e jûn hie ik al murken dat it him yn ‘e rêch skeat. Hy seach my ferheard oan. “Wêr soe er no dochs op doele?”, seach ik him tinken. “No, ik woe graach witte of jo jo fan ‘e middei ek wat oars as oars field hawwe”, sei ik. “No nee, ik fiel my poerbêst”, andere hy. “Wier net?”, frege ik. “In bytsje pine yn ‘e holle, fierder net.” Gelokkich mar. Ik hie nammentlik syn namgenoat, Piter, ûnder ‘t mes hân. Ús Jetse hat in knyn, in raam, en dy hat er nei master ferneamd. En dêr moast eins in Loekie by, mar wy wolle gjin jongen hawwe. Kastraasje wie de koartste klap. Master seach my ris oan nei myn relaas en luts syn wynbrauwen op. Yn de hilariteit dy’t dêrop folge, kaam der noch in nuver ferhaal los fan in Frienzer mem. Sy siet midden yn ‘e nacht op it húske en in mûs rûn har om ‘e bleate fuotten. Yn panyk stode se wer op bêd. Se waard ferbjustere troch de opmerking fan har man dat ‘har poes’ de sliep blykber ek net út hie. En hy draaide him wer om…

In wike letter kaam myn kollega út Idaerd moarns gnyskjend op ‘e praktyk mei de fraach: “Doe jij voodoo op meester Piter?” Wat wie it gefal? Master Piter hie de jûns dêrfoar by harren op húsbesite op ‘e tekst west. No nee, ik haw him útlein dat it alline mar nuvere tinzen fan my wiene. Mar ik hie wol yn ‘e rekken dat dit ferhaal rûnsjongen gean soe. It like my better om de wiere tadracht mar efkes te publisearjen om misbegryp foar te wêzen. Sadwaande, dus.

Ferline wike hawwe wy dan ‘Loekie’ by in boer út Flânsum weihelle.  Se moast earst efkes wenne, mar dat duorre net lang. It taferieltsje dat him dêrnei ôfspile: eltse oerienkomst mei de namgenoaten berêst op suver tafal! As master Piter en syn frou jûns foar de kachel dit yn Linepraat (ús doarpskrante) lêze, tink ik dat sy skodholje. En se hawwe gelyk, de earstkommende âlderried-gearkomste heart sûnder dit soarte fan nuvere betinksels te ferrinnen!

Novimber 2003, ik wie doe âlderriedslid fan de Trije Doarpenskoalle yn Reduzum.

Afbeelding 037Piter mei syn Loekie