-
Meest recente berichten
-
Meta
-
Archieven
Categorie archief: FRYSKE COLUMNS
Lyts kolleezje yn ‘e iglo
Doe’t ik it boerehiem opried, seach ik de beide bruorkes strie tôgjen nei de kealle-iglo. Dêr sil it ‘slachtoffer’ dan ek wol lizze, tocht ik. Ik hie hoedsum riden en stoppe foarsichtich om’t ik de ynfúsen op it byridersplak stean … Lees verder
Geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS
Reacties uitgeschakeld voor Lyts kolleezje yn ‘e iglo
Wrafke – Sin
Myn namme is noch immer Afke, folút Afke fan it Fryske Wetterlân. Ik bin in Labrador fan it jachtsoartich slach. Nea haw ik in min sin; ik bin nammentlik wakker fleurich fan aard. Ik bin sljocht op trene mei de … Lees verder
Geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS, Wrafkes
Reacties uitgeschakeld voor Wrafke – Sin
Wrafke – Moaie dei
Fansels hie‘k al lang yn ‘e noasters dat it net goed gie mei dy ‘âlde Swarte’, Aïcha. Sy siet al yn har Fyftjinde (!) libbensjier, mar se wie noch sá geef mei har fjoer fan in rjochtaarde jachthûn. Jawis, krebintich … Lees verder
Geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS, Wrafkes
Reacties uitgeschakeld voor Wrafke – Moaie dei
Wrafke – Frutsel
Doe’t Baas fan ‘e moarn ûnder kaam en my nei bûten litte soe, fielde ik mysels sa ferskuorrend modzich. Hy moast my suver wekker meitsje, sa sleau en moalich wie’k. Baas kin dat hiel fynfielend. Hy begjint my earst ûnder … Lees verder
Geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS, Wrafkes
Reacties uitgeschakeld voor Wrafke – Frutsel
Wrafke (24) – Fakânsje
Afke op fakânsje Ik hie al in dei fan tefoaren yn ‘e noas dat d’r wat barre soe. Frou wie tassen oan ‘t ynpakken en narre Baas mei alderhanne fragen wat se al as net meinimme moast. Meastentiids andere hy … Lees verder
Geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS, Wrafkes
Reacties uitgeschakeld voor Wrafke (24) – Fakânsje
Wrafke (4)
Foekje by de Swette Pyt hie it dan wol gauris oer ‘sosjalisearjen’; no wat dat oanbelanget kinne se d’r hjirre ek wat fan! Ûnderweis by it útlitten kom ik al fan allerhanne soartgenoaten tsjin, mar ik moat my ek troch … Lees verder
Geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS, Wrafkes
Reacties uitgeschakeld voor Wrafke (4)
Wrafke (3)
De earste dagen Moarns ier moast ik noch foar’t de sinne opkaam poernoadich pisje. D’r waard gjin sjoege jûn oan myn oppenearjen en doe haw ik it mar njonken myn kourke rinne litten. En net folle letter moast ik ek … Lees verder
Geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS, Wrafkes
Reacties uitgeschakeld voor Wrafke (3)
Wrafke (2)
In nij begjin De woansdei nei Pinkster wiene allinne Abe en ik noch oer fan ús nêst fan seis. Ik fûn it sneu foar Abe mar ik wie bliid dat ík net as âlderlêste ophelle waard troch myn nije baas … Lees verder
Geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS, Wrafkes
Reacties uitgeschakeld voor Wrafke (2)
Wrafke (1)
De nêsttiid Myn namme is Afke. Folút ‘Afke fan it Fryske Wetterlân’. Berne yn it Ljouwerter Âldlân op 1 april fan dit jier en dat is gjin grapke. Ik bin d’r ien fan seis; ik haw fiif bruorren. Harren nammen … Lees verder
Geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS, Wrafkes
Reacties uitgeschakeld voor Wrafke (1)
Krystknyn
Piter is de namme, as jo my tasteane. Ik bin ien fan Jehannes fan de Trije Romers. Bin al hiel jong út ‘e hûs rekke, mar myn nije wente wie in boppeslach. In hiel grut striehok, in âld hinnehok, mei … Lees verder
Geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS
Reacties uitgeschakeld voor Krystknyn
De weesfôle fan Holwerda Sathe
Doe’t ik op sneintemoarn buorfrou Froukje oan de tillefoan krige, murk ik daliks dat sy behoarlik fan ’t hynder wie. Sibrecht, de âld merje, lei dy moarns samar dea yn ‘e hynsteboks en de fôle fan krekt twa moanne rûn … Lees verder
Geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS
Reacties uitgeschakeld voor De weesfôle fan Holwerda Sathe
De slachrjemme op ‘e taart
In lyts kertier ear’t de wekker giet, rattelt de tillefoan. Jelle hat help nedich by keallerij fan in rier. Ik rek my út en bliuw noch eefkes op ‘e rêch lizzen oan’t myn oare helte oer myn búk strykt en … Lees verder
Geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS
Reacties uitgeschakeld voor De slachrjemme op ‘e taart
Diggelguod
L’histoire se répète, sa’t de Frânsen sizze. Skrassen op jins siel kinne jo net weipoetse en diggelguod dat stikken is, kinne jo better fuortdonderje. Dogge jo dat net dan kin soks foer foar psychologen wurde of in ‘skibbich’ ferhaal opsmite. … Lees verder
Geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS
Reacties uitgeschakeld voor Diggelguod
Aprillerij yn ‘e Multykultyklup
We sitte midden yn ‘e lammefangerstiid. Altyd wer hartstikkene moai mar drok. Lykwols is myn bistedoktersbestean blykber noch net bannich genôch om’t ik sels ek nochris sa noadich skieppeboer wêze wol. Dat jout ferdivedaasje by de fleet. Foaral by de … Lees verder
Geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS
Reacties uitgeschakeld voor Aprillerij yn ‘e Multykultyklup
De olfert fan de bistebuorkerij
Op in pleats hjir flakby wennen noch net iens sa hiel lang ferlyn in boer mei syn frou, in hûn, in stikmannich kij en in keppel skiep. It wie maitiid en de lammerij wie hast dien. De skuorre siet grôtfol … Lees verder
Geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS
Reacties uitgeschakeld voor De olfert fan de bistebuorkerij
Lolke Kalsbeek, fiifentritich jier feedokter
Hoe yn ‘e goedichheid kinne jo it libbenspaad fan in feedokter gearfetsje yn ien ferhaal? Dat bestiet hielendal net! Heechút binne der in pear krinten út de brij te fandeljen. Hokker krinten dan? It begûn goed 35 jier lyn mei … Lees verder
Geplaatst in FRYSKE COLUMNS
Reacties uitgeschakeld voor Lolke Kalsbeek, fiifentritich jier feedokter
Bûsjild
Koartlyn moast ik sels op ‘e snijbank. My waard deselde ridel ôfdraaid dy’t ik ek altyd doch at ik mei eigners in operaasje-ôfspraak meitsje foar harren bist. Ik mocht de jûns derfoar nei achten net mear ite en dyselde deis … Lees verder
Geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS
Reacties uitgeschakeld voor Bûsjild
Lyts Mystearje
De technyk stiet net stil. Likernôch alles wat by minsken kin, kin in pear jier letter by bisten ek. Jo kinne it sa mâl net betinke. Ortopedyske operaasjes, transplantaasjes, gentechnology en wat al net mear, de wittenskip soarget dat de … Lees verder
Geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS
Reacties uitgeschakeld voor Lyts Mystearje
Neiskaaie
In pear jier ferlyn waard ik op in waarme midsimmerdei roppen by in kealderij. In rier wie oan ‘t fersmiten, it kealtsje wie al dea en der wie net al te folle romte yn ’t bunt. Net echt in fris … Lees verder
Geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS
Reacties uitgeschakeld voor Neiskaaie
Alle dagen dieredei
‘Henkie, Hèèèènkie, kom dan by de frou’, rôp Anneke ûnder de beam skean tsjinoer ús praktyk yn Grou. Har stim sloech suver oer. Anneke is boerinne. Neist in keppel kij binne der op ‘e pleats katten, in herdershûn en in … Lees verder
Geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS
Reacties uitgeschakeld voor Alle dagen dieredei
Nuvere betinksels
Yn gedachten sjoch ik ús haadmaster Piter jûns let syn frou by in slokje op ‘e hichte bringen fan wat der op ‘e gearkomste fan de âlderried bard wie. “Moatst no dochs ris hearre!” Ik hear it him sizzen. Wat … Lees verder
Geplaatst in FRYSKE COLUMNS
Reacties uitgeschakeld voor Nuvere betinksels