Aprillerij yn ‘e Multykultyklup

We sitte midden yn ‘e lammefangerstiid. Altyd wer hartstikkene moai mar drok. Lykwols is myn bistedoktersbestean blykber noch net bannich genôch om’t ik sels ek nochris sa noadich skieppeboer wêze wol. Dat jout ferdivedaasje by de fleet. Foaral by de swarte skiep yn de meast blanke Tekselske famylje want mei-inoar foarmje sy in moaie multykultyklup.

Yn de keppel fan goed tweintich skiep rinne der by ús efter yn ‘t lân trije swarte. Stammem fan dat stel is Betty, in nuete swartblês. Jierren ferlyn al folslein ynboargere. Sûnt sy har entree makke, rint se altyd foarop. At sy oer de daam komt, komt de rest ek wol. Maklik foar de boer. Betty is net de jongste mear en sit yn in soarte fan oergong. Gewoanwei geane skiep dan nei de merk, mar Betty net. Sy is bysûnder. Se mei âld wurde oan de Ayttawei en dêr stjerre.

Betty hat twa neikomlingen yn ús keppeltsje. De iene hjit fan Lytse Betty, mar wurdt ek wol Betty 2 neamd. Lyk as har mem in rassuver swartblês en nóch nueter. Doe’t se ferline jier foar ‘t earst lamme, hie se de famylje te fiter op 1 april. Se wie noch net thús helle, want se wie pas de fjirde fan de aprilmoanne útrekkene. Mar se rekke earder yn ’e fleagen en lamme pardoes  yn ‘t lân. Lokkich rêde se harsels. Se brocht in helder twillinkje.

Dit jier hie se just krekt op 1 april de tiid en wer hold se de skieppeboer foar ‘t lapke. No mei falske weeën. Dyselde jûns lei se wer lekker te wjerkôgjen…

Pas op 3 april wie it dan echt safier. Dy moarns wie se net roppich op de biks en efkes nei tolven hong der in grutte wetterblaas ûnder de sturt. Gau waard se yn ‘t hok dreaun en al rillegau dêrnei kaam der in snútsje foar ‘t ljocht. Soan Jetse fong it earste laam, syn heit helle de twadde efterstefoaren. Beide binne it eilamkes. Beppe Betty is yn elts gefal wakker grutsk! Mem fansels ek. En Jetse tinkt: faaks sit der no wer in Betty 3 by?

De oare dochter fan de âlde Betty hjit fan Blacky. In folweardige bastert en fierwei de grutste fan de hiele skiepebinde. Eartiids wie se hielendal swart, no is se moai griis. Se brocht al earder twa kear twa wite lammen, mar dit jier wie se grouwer as ea. Dochs rûn sy, lyk as har healsuster, ek oer tiid. De hiele dei hie se har ôfsûndere ear ‘t har lammerij dy jûns útein sette. Ienris yn it kreamhok kaam der earst in hurdgiel laam. Dat bart wol faker; dat binne neffens skieppeboeren de sterkste! Nûmer twa wie swierder en moast ik in bytsje helpe. Dizze wie sniewyt, mar ek tige helder. Yn de ûnderstelling dat der no wol net mear komme soene, fielde ik foar de wissichheid noch ien kear yn ‘t skiep. Hiel fier fuort rekke ik, ferdraaid noch en ta, dochs noch in poatsje. In toutsje moast útkomst bringe. Doe kaam der in prachtich swartbleske foar ‘t ljocht. In trijeling! It kleurrike stel waard foar harren mem dellein. Wa is der bang foar White, Yellow and Black? Blacky yn elts gefal seker net! Sûnder ûnderskied slikke sy alle trije om bar skjin en droech. Altyd wer in machtich moai gesicht.  Net folle letter rûn it trijetal al wakker nei it memmejaar te longerjen. Seker net minder moai!

Wat soks oanbelanget kin Wylde Geart noch in bulte leare fan dy smeltkroes fan ús multykulty feestapeltsje. Akseptaasje, yntegraasje en in protte ferdivedaasje sûnder ûnderskied. Al moat ik wol earlik tajaan dat as in laam ienris goed en wol oannaam is, it dan net besykje moat om efkes it jaar te priuwen fan in oare mem. Dy feecht meastentiids om har hinne dat it net moai mear is. Dan binne skiep ek al wer net folle better as Wylde Geart… Mar hawar, in kommune hoecht it no ek wer net te wurden, no? Moat der net oan tinke!

Blacky, mear griis as swart, mei har kleurrike trijeling: White, Yellow and Black.

April 2010

Dit bericht is geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS. Bookmark de permalink.

Reacties zijn gesloten.