Alle dagen dieredei

‘Henkie, Hèèèènkie, kom dan by de frou’, rôp Anneke ûnder de beam skean tsjinoer ús praktyk yn Grou. Har stim sloech suver oer. Anneke is boerinne. Neist in keppel kij binne der op ‘e pleats katten, in herdershûn en in parkyt. Like maklik as Anneke yn ‘e melkstâl stiet te melken, komt sy mei ien fan har bisten by ús op it sprekoere. In echte bistefreon, by wa’t it eltse dei dieredei is. Dit kear soe Anneke wer nei’t sprekoere, mar de pasjint ûntkaam har. Henkie siet yn syn koai yn ‘e kofferbak fan ‘e auto. It doarke fan ‘e koai wie net goed beskoattele, dat de parkyt fleach by it iependwaan fan de klep linea recta boppe yn ‘e beam. Henkie seach it swurk driuwen en kaam net. De wurklju fan it bedriuw oan de oare kant fan de dyk skuorden harren de bûsen út en begûnen Anneke nei te bauwen: ‘Henkie, kom dan jong, kom út dy beam wei!’. It tafal woe nammentlik dat ien fan dy mannen ek Henkie hjitte. Anneke waard der suver nitelich fan: ‘Stean dêr net sa stom te gnizen, helje leaver in ljedder foar my!’

Op datselde stuit wie ik drok dwaande mei it sprekoere. By ús yn ‘e praktyk is it ek dei út, dei yn dieredei. Wêrom soene wy op fjouwer oktober mear ús bêst dwaan moatte as oare dagen? Sels hawwe wy thús ek bisten dy’t alle dagen oant yn ‘e grûn bedoarn wurde. Dêr hoege se allinne mar leaf foar te wêzen! Dieredei is lykas heite- en memmedei ommers foaral in kommersjele útwaaks.

It bart wol ris faker dat bisten útnaaie. Se bedarje dan úteinlik faak yn in asyl. En sa belânje wy op it mêd dêr’t dieredei by útstek op syn plak is! Al hoe fantastysk de fûnlingen dêr harren gerak ek krije, it is pas echt feest as se troch immen ophelle wurde. Der kin op fjouwer oktober noait te min omtinken jûn wurde oan de bisten yn it diere-asyl. Wie it dêr mar alle dagen dieredei!

Wêr’t Henkie bedarre is? Ik haw net sjoen hoe’t Anneke it foarelkoar krigen hat, mar it is har mei de ljedder al slagge him te fangen! Hja hat my by de behanneling fan Henkie’s kalksnaffel har ferslach dien en se hie sels wakker wille om it foarfal. Koartlyn wie Anneke der wer. No mei de herdershûn, in boerehûn sûnder line fansels. ‘Tink der om dat se net útnaait!’, warskôge ik har. ‘Lokkich kin sy net fleane’, lake Anneke.

Oktober 2004 (F-side fan de Ljouwerter Krante)

Dit bericht is geplaatst in COLUMNS, FRYSKE COLUMNS. Bookmark de permalink.

Reacties zijn gesloten.